Amdorf is in Ortsteil fan 'e gemeente Detern yn it súdwesten fan East-Fryslân. It doarp leit yn 'e Samtgemeinde Jümme yn 'e Dútske lânkring Lier.

Skiednis De namme stamt nei alle gedachten fan Hamdorf – in âlde beneaming foar greiddoarp. It gebiet waard al ier bewenne, mooglik al om 'e jiertelling hinne. Oars as oare buordoarpen dy't fanwegen wetteroerlêst ferhûzje moasten, bleau Amdorf op it oarspronklike plak.

It doarp leit tusken de rivieren de Leda en de Jümme. Dat brocht mei dat winterdeis it lân der faak ûnder strûpte. Der waarden slûzen en kanalen oanlein, mar earst nei 1950 ferbettere de sitewaasje mei de bou fan skutslûzen, gemalen en it Ledasperrwerk (1950-1954). By de stoarmfloed fan 1954 bewiisde it Ledasperrwerk fuort syn nut.

Eartiids lei Amdorf yn it Amt Stickhausen. Sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1973 is it doarp ûnderdiel fan 'e gemeente Detern.

It besjen wurdich De âlde tsjerke fan it doarp waard yn 1769 ferfongen troch it hjoeddeiske gebou. De preekstoel en it alter ýn 'e tsjerke komme noch út de foargonger. Yn 'e tsjerke is in oargel fan Heinrich Wilhelm Eckmann. De toer stamt út 1870. De Pünte is de oerset oer de Jümme en ferbynt Amdorf mei Wiltshausen. De oerset is al sûnt 1562 bekend en it is de âldste hânlutsen oerset fan Noard-Europa. De oerset is allinnich noch yn 'e simmermoannen operasjoneel. By it doarp leit de Ledabrücke, mei 1,85 m breedte de smelste autobrêge fan Dútslân.

Ofbylden

Kategory:Detern Kategory:Plak yn Lier (distrikt)