De Stefanus- en Bartoloméustsjerke (Dútsk: St.-Stephani-und-Bartholomäi-Kirche) is in luthersk tsjerkegebou yn 'e Eastfryske stêd Detern. De tsjerke is simmerdeis ek troch de wike geregeldwei iepen foar toeristen.
Skiednis De tsjerke hie teminsten twa, mooglik sels trije foargongers. Wannear't de earste tsjerke boud waard is ûnbekend. Nei alle gedachten stie dy efter it hjoeddeiske Pastor Behrens Haus, it parochyhûs fan 'e gemeente. In twadde tsjerke waard mooglik healwei de 11e iuw likernôch 150 meter súdeastlik fan 'e hjoeddeiske tsjerke boud.
By de strideraasjes tusken de Eastfryske haadlingen rûn Widzel tom Brok en syn folk yn 1399 by Detern yn in mûklaach. Hja flechten doe nei de tsjerke dêre, dy't dêrnei troch de fijân yn 'e brân stutsen waard. Widzeld en syn mannen ferlearen by de brân harren libben. It tsjerkegebou waard folslein ferneatige en it duorre troch jildbrek mear as in heale iuw dat de tsjerke wer op syn hjoeddeiske plak werboud waard. Mei't de midsiuwske tsjerke brekfallich waard is dy yn 1806 troch de hjoeddeiske tsjerke ferfongen. De tsjerke is ferskillende kearen restaurearre.
Arsjitektuer thumb|left|Ynterieur. De tsjerke is in klassisistyske sealtsjerke fan bakstien. It tsjerkegebou hat grutte rûnbôgeramen en as iennige Eastfryske tsjerke in mansardetek. It âldste boudiel is de klokketoer, dy't âlder as de tsjerke is. Yn 'e toer hingje trije klokken: in romaanske klok út likernôch 1300, in Marijeklok fan B. Klinghe út 1482 en sûnt 1957 in tredde klok mei it ynskrift Den Toten zweier Weltkriege zum Gedenken. De lêste klok ropt alle dagen op ta gebed en liedt om 08:00 oer, 12:00 oere en 18:00 oere.
Ynterieur Yn 'e tsjerke hingje fjouwer kroanluchters, wêrfan't de âldste út 1692 stamt. De út de midsiuwske tsjerke ôfkomstige preekstoel is boud yn 1692 en is fersierd mei bylden fan 'e fjouwer evangelisten en harren symboalen. It iergoatyske doopfonte (of wijwetterbekken) datearret út 'e 14e iuw, wylst de skaal begjin 18e-iuwsk is. De doopregisters fan Detern binne sûnt 1644 folslein bewarre bleaun. It skilderij boppe it alter waard yn 1835 troch skilder D.A. Bengen út Hannover makke nei Da Vinci's Lêste Nachtmiel en skonken.
Oargel It oargel is ien fan 'e grutste ienmanualige Eastfryske oargels en hat tolve registers en in oanhongen pedaal. It oargel waard troch Wilhelm Eilert Schmid út Lier boud en bleau foar it measte orizjineel.
Kategory:Bouwurk yn Detern Kategory:Tsjerkegebou yn East-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1806 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Dútslân