De Tsjerke fan Amdorf (Dútsk: Amdorfer Kirche) is in luthersk tsjerkegebou yn it Eastfryske plak Amdorf (gemeente Detern).

Skiednis Nei alle gedachten hat it doarp al foar 1300 in tsjerke hân. Dat wurdt oannommen om't út dy tiid in tsjelk bewarre is, de âldste missetsjelk fan East-Fryslân. thumb|left|Alter en oargel. De parochy wurdt foar it earst yn 1475 neamd op in list fan 'e biskop fan Múnster. De reformaasje waard yn 1583 trochfierd en sûnt binne der allinnich protestantske dûmny's yn Amdorf.

De âlde tsjerke waard yn 'e 18e iuw brekfallich en dêrfandinne yn 1769 ôfbrutsen en ferfongen. Fan 'e ynrjochting út dy tsjerke waard in diel meinommen yn 'e nijbou. De toer fan 'e tsjerke waard yn 1870 tafoege.

Op 1 jannewaris fusearre de tsjerklike gemeente mei dy fan Neuburg en se foarmje no de gemeente Amdorf/Neuburg. Beide doarpen ha in eigen tsjerke. Mei likernôch 165 leden (2025) is it de lytste tsjerklike gemeente fan 'e Kirchenkreis Rhauderfehn.

Ynrjochting De preekstoel komt noch út de âlde tsjerke en waard yn 1658 troch de timmerman Tönnies Mahler út Lier boud. It alter stamt út 1695. In achthoekige wijwetterbak fan grize sânstien wurdt hjoed-de-dei as doopfont brûkt.

Oargel It oargel boppe it alter waard yn 1773 troch Heinrich Wilhelm Eckmann boud. Yn 1821 waard it troch Wilhelm Eilert Schmid ferboud en yn 'e jierren 2004-2005 troch Martin ter Haseborg út Uplengen mei in yngreven restauraasje yn 'e oarspronklike steat werom brocht. It ynstrumint hat njoggen registers op ien manuaal en oanhongen pedaal.

Kategory:Bouwurk yn Detern Kategory:Tsjerkegebou yn East-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1780 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Dútslân