De mûne fan Stapelmoor is in pel- en nôtmûne yn it Eastfryske plak Stapelmoor.
Skiednis De trije ferdjippingen tellende stellingmûne mei wynroas waard yn 1909 boud troch Jan Luiken ter Haseborg mei ûnderdielen fan 'e eardere standermûne fan it doarp. De mûnder ferstoar yn 'e Earste Wrâldkriich waard de mûne troch Marikus Hemmen út Victorbur by Auwerk oernommen. Yn 1951 naam Beene Wichers it mûnebedriuw oer en nei him syn soan Heinz, dy't dat oant syn dea yn 2009 die. Sûnt dy tiid is it bedriuw yn hannen fan syn fjouwer dochters. Dêrfandinne wurdt de mûne ek wol de Mûne fan Wichers neamd.
Yn 1956 waard de sturt ferfongen troch de wynroas. By in stoarm yn 1972 rekken de wjukken, de wynroas en de stelling fan 'e mûne skansearre en neitiid waard der alllinnich noch mei in elektromotor mealle. Nei't de mûnder ferstoar waard de mûne oernommen troch syn soan Heinz Wichers, dy't oan it begjin fan 'e jierren 1980 útein sette mei de restauraasje fan 'e mûne. Yn 1997 wie de mûne wer hielendal mealree en koe der sawol mei wyn- en motorkrêft wurke wurde.
By de bou fan 'e stellingmûne waarden de sylwjukken fan 'e âlde standermûne werbrûkt. Dy binne yn 'e rin fan 'e tiid ferfongen troch selsswichting. De flecht bedraacht 18,5 meter.
Sûnt 21 jannewaris 2009 is der in feriening ta behâld fan 'e mûne.
Keppeling om utens Niedersächsische Mühlenstrasse
Kategory:Bouwurk yn Weener Kategory:Mûne yn Dútslân Kategory:Bouwurk út 1905 Kategory:Stellingmole Kategory:Nôtmole Kategory:Pelmole