De Aziatyske swarte rôt (wittenskiplike namme: Rattus tanezumi) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Dit bist komt foar yn East- en Súdeast-Aazje, de Himalaya, de Yndyske Arsjipel en dielen fan Oseaanje. De Aziatyske swarte rôt is in middelgrutte rôt mei in nokturnale libbenswize en in omnivoar dieet. Lang waard dit bist beskôge as de Aziatyske foarm fan 'e swarte rôt (Rattus rattus). De IUCN klassifisearret de Aziatyske swarte rôt as net bedrige.
Taksonomy De Aziatyske swarte rôt waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1844, troch de Nederlânske soölooch Coenraad Jacob Temminck. De status fan dit bist wie lange tiid omstriden, om't er troch de measte saakkundigen oansjoen waard foar neat oars as de Aziatyske foarm fan 'e (gewoane) swarte rôt (Rattus rattus). Tsjintwurdich is lykwols troch nij ûndersyk dúdlik wurden dat it om twa ferskillende soarten giet. Sa hat de Aziatyske swarte rôt net inkeld beskate oare morfologyske en biogemyske skaaimerken, mar ek in oar gebit (karyotype 2n=42, yn tsjinstelling ta karyotype 2=38-40 foar de swarte rôt).
Op basis fan fylogenetysk ûndersyk is fêststeld dat de Aziatyske swarte rôt en de swarte rôt likernôch 400.000 jier lyn faninoar ôfspjalten binne. De groep dy't dy beide soarten omfettet en de groep dy't de Polynezyske rôt (Rattus exulans) omfiemet, giene likernôch 2,2 miljoen jier lyn útinoar, en de groep fan 'e Aziatyske swarte rôt en de groep dy't de brune rôt (Rattus norvegicus) omfettet, giene likernôch 2,9 miljoen jier lyn útinoar.
Fersprieding De Aziatyske swarte rôt is lânseigen yn eastlik Sina (Hainan ynbegrepen), op it Koreaansk Skiereilân, yn Fjetnam, Kambodja, Laos, Tailân, Birma en in lange smelle útrinner nei it westnoardwesten ta, dy't sawol de Himalaya omfettet as it súdlike foarlân fan dat berchtme, oant yn eastlik Afganistan. Der bestiet in isolearre populaasje yn Sinkiang-Oeigoerje, krekt besuden de grins mei Mongoalje.
Fan 'e populaasjes op 'e trije súdlike haadeilannen fan Japan (Honsjû, Sjikokû en Kjûsjû), de Rjûkjû-eilannen, Taiwan en it Súdkoreaanske eilân Djedjû is it ûnwis oft se wol lânseigen binne.
Dúdlik (by fersin) troch de minske yntrodusearre as eksoat binne de populaasjes op it it skiereilân Malakka fan 'e Lâningte fan Kra ôf nei it suden ta, yn sawol Tailân, it uterste suden fan Birma as yn Maleizje en Singapoer. Itselde jildt foar de populaasjes op 'e eilannen fan 'e Yndyske Arsjipel yn Yndoneezje, wêrûnder Sumatra, de Mentawai-eilannen, Java, Baly en de oare Lytse Sûnda-eilannen (ynkl. East-Timor), hiel Borneo (ynkl. it Maleizyske diel en Brûnei), Selebes, de noardlike Molukken en it Fûgelkopskiereilân fan Nij-Guineä.
De Aziatyske swarte rôt libbet ek as eksoat op 'e ta Yndia hearrende Nikobaren, en op 'e Kokoseilannen en Krysteilân, twa eksterne territoaria fan Austraalje, allegearre yn it noardeasten fan 'e Yndyske Oseaan. Fierders komt er yn deselde hoedanichheid foar yn 'e Filipinen, Fidzjy en de Karolinen (Palau en de Federearre Steaten fan Mikroneezje) oant op it atol Eniwetok yn 'e noardwestlike Marshalleilannen.
Uterlike skaaimerken De Aziatyske swarte rôt is in middelgrut lid fan it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 101/2–211/2 sm, mei in sturtlingte fan 12–23 sm en in gewicht fan 200 g. De efterpoaten berikke in lingte fan 26–35 mm. De rûne earen binne frij grut en mjitte 17–23 mm. De mânske swarte kraaleagen dominearje de kop, dy't in spitse snút hat. De pels is koart en rûch, en fan kleur grizich oant swartich brún. De rêch is it dûnkerst; op 'e siden ljochtet de kleur wat ta, en de bealch is ljochtgriis oant brutsen wyt. De sturt is ienkleurich brún, mar oan 'e ûnderkant wat ljochter as oan 'e boppekant.
Biotoop De Aziatyske swarte rôt is in bist dat him goed oan 'e oanwêzigens fan 'e minske oanpast hat en profitearret fan 'e oanhâldende útwreiding fan minsklike aktiviteiten yn gebieten dy't earder wyldernis wiene. Hy libbet benammen yn delsettings en om delsettings hinne, en op ikkers en oar yn kultuer brocht lân. Dêrby set er him nei wenjen sawol op 'e grûn as hegerop yn gebouwen.
Hâlden en dragen Aziatyske swarte rotten binne generalisten, dy't har goed oan nije sitewaasjes oanpasse kinne. Se kinne hurd drave en goed klimme en springe. It binne strikt nachtdieren, dy't oerdeis in skûlplak opsykje om te rêsten. Aziatyske swarte rotten binne sosjale bisten, dy't yn groepen mei in dúdlik hierargyske rangestruktuer libje. Der bestiet foar de Aziatyske swarte rôt gjin fêste peartiid; by geunstige omstannichheden kin er him it hiele jier rûn fuortplantsje. De draachtiid duorret 21–23 dagen, wêrnei't it wyfke in nêst fan ornaris 3–7 jongen smyt, hoewol't it tal jongen oprinne kin oant 13. Dy komme keal en blyn te wrâld. De eachjes geane iepen mei 15 dagen, en de jongen wurde ôfwûn mei 30 dagen. Mei 3 moannen binne Aziatyske swarte rotten geslachtsryp. De libbensferwachting bedraacht by dizze soarte trochinoar mar 2 jier.
Fretten De Aziatyske swarte rôt is in omnivoar, dy't net sinnich is wat syn iten oanbelanget. Hy fret benammen fruchten, sieden, ynsekten en oar wringeleas dierte, mar ek hagedissen, fûgelaaien en, as er it oprêde kin, lytsere sûchdieren.
Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Aziatyske swarte rôt binne beskate soarten slangen en teffens de hûskat (Felis catus). Ek foar gruttere ûlen moat er oppasse.
Status De Aziatyske swarte rôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten De Aziatyske swarte rôt wurdt beskôge as in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde. It is lykwols mooglik dat it by dit bist om in soartekompleks giet dat ferskate nau besibbe soarten omfettet.
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Echte rôt Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Eksoat yn Birma Kategory:Eksoat yn Brûnei Kategory:Eksoat yn de Filipinen Kategory:Eksoat yn East-Timor Kategory:Eksoat yn Yndoneezje Kategory:Eksoat yn Yndia Kategory:Eksoat yn Japan Kategory:Eksoat yn Maleizje Kategory:Eksoat yn Singapoer Kategory:Eksoat yn Tailân Kategory:Eksoat yn Taiwan Kategory:Eksoat yn Fidzjy Kategory:Eksoat yn de Kokoseilannen Kategory:Eksoat yn Krysteilân Kategory:Eksoat yn de Marshalleilannen Kategory:Eksoat yn Mikroneezje (lân) Kategory:Eksoat yn Palau Kategory:Eksoat yn de Andamanen en Nikobaren