In buldoch, mt.: buldoggen, (fan it Ingelske bulldog, "bollehûn") is in hûnetype dat tradisjoneel fokt en brûkt waard foar bloedsporten, lykas bearebiten (hûnen oanset om mei bearen te fjochtsjen) en hûnegefjochten (hûnen oanset om mei oare hûnen te fjochtsjen). Tsjintwurdich binne buldoggen ornaris hiemhûn of selskipshûn. De bekendste rassen binne de Ingelske buldoch, de Frânske buldoch en de Amerikaanske buldoch.
Skaaimerken Buldoggen binne oer it algemien gnobsk boude, krêftige bisten mei in grutte, sterke snút.
Skiednis De namme fan 'e buldoch komt fan it feit dat dizze hûnen ek brûkt waarden foar bollebiten, wêrby't se tsjin bollen fjochtsje moasten. Dat wie yn Ingelân fan 'e trettjinde oant de achttjinde iuw in soarte fan nasjonale sport. It tinken mank saakkundigen is dat de buldoch yn 'e Elizabetaanske Tiid, yn 'e twadde helte fan 'e sechstjinde iuw, ûntstie (fokt waard) út 'e âldere en gruttere mastyf.
Buldochrassen Utstoarne rassen âlde Ingelske buldoch Bullenbeißer of Dútske buldoch dwerchbuldoch
Besteande rassen Alapaha-blaubloedbuldoch Amerikaanske buldoch Campeirobuldoch Frânske buldoch kontinintale buldoch Majorkaanske dogge of perro de presa Mallorquin Olde English buldogge Serranobuldoch Spaanske buldoch of alano español
Kategory:Hûnetype Kategory:Lienwurd út it Ingelsk