thumb|upright|left|Abbey Lincoln by in konsert, 1992 Abbey Lincoln, berne as Anna Marie Wooldridge, (Chicago, 6 augustus 1930 - dêre, 14 augustus 2010) wie in Amerikaanske jazzsjongster, lietsjeskriuwster en aktrise. Fan in barsjongeres ûntwikkele se har mei har waarme altstim ta in "polityk alerte, sosjaal bewuste en pretinsjeleaze" lietefertolker dy't "de earlike tradysje fan Billie Holiday op in orizjinele wize trochsette" (Down Beat). sitaat neffens Kunzler Jazz-Lexikon
Biografy Lincoln waard berne op 6 augustus 1930 yn Chicago, mar groeide op yn Calvin Center, Cass County, Michigan op in pleats. Sy wie ien fan 12 bern.
Doe't se har ûnôfhinklikens as artyst berikte, ferbûn se har mei de Black Power Movement. Har earste muzikale bydrage oan dy beweging wie it album We Insist! Freedom Now út 1960. Op dit album wurke se gear mei har takomstige partner Max Roach en oare muzikanten lykas Booker Little en Coleman Hawkins. Fan dit album ôf wie se ûnskiedber ferbûn mei de striid tsjin diskriminaasje tsjin minsken fan kleur yn Amearika.
Abbey Lincoln waard yn 1969 nominearre foar in Golden Globe Award foar har rol yn For Love of Ivy.
Yn 2007 ûndergie Lincoln in iepenhertoperaasje. Lincoln ferstoar op 14 augustus 2010 yn in ferpleechhûs yn Manhattan, New York, acht dagen nei har 80e jierdei. Der waard gjin offisjele deadsoarsaak jûn.
Diskografy Kar-út: Abbey Lincoln's Affair: A Story of a Girl in Love (1956) That's Him - (1957) It's Magic - (1958) Abbey Is Blue - (1959) Straight Ahead - (1961) People in Me - (1973) Painted Lady - Blue Marge 1003 (1980) Golden Lady - (1980) Talking to the Sun - (1983) Abbey Sings Billie, Vol. 1 & 2 - (1987) The World Is Falling Down - (1990) You Gotta Pay the Band - (1991) Devil's Got Your Tongue - (1992) When There is Love - (1992) A Turtle's Dream - 1994 - Verve Painted Lady (mei Archie Shepp) - (1995) Who Used to Dance - (1996) Wholly Earth - (1999) Over the Years - (2000) It's Me - (2003) Abbey Sings Abbey - (2007)
Filmografy The Girl Can't Help It (1956) Nothing But a Man (1964) For Love of Ivy (1968) Short Walk to Daylight (1972) Mo' Better Blues (1990)
Kategory:Amerikaansk komponist Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk lietsjeskriuwer Kategory:Amerikaansk jazzartyst Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk boargerrjochte-aktivist Kategory:Amerikaansk muzikant fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk akteur fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk aktivist fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1930 Kategory:Persoan stoarn yn 2010