De ametiststaar of ametistprotter (Cinnyricinclus leucogaster) is in fûgelsoarte út de famylje protterfûgels (Sturnidae).
Skaaimerken thumb|left|Twa mantsjes (Súd-Afrika). De soarte is in frij lytse protter dy't 19 sm lang wurdt. De fûgel hat relatyf koarte wjukken, in middellange sturt, in dúdlike giele iris en fertoant in grut seksueel dimorfisme.
De boppekant en kiel fan it folwoeksen mantsje oant it boarst binne pearsblau mei in fiolette skimmer. It wyfke is op 'e boppedielen brún mei ljochten rânen oan 'e fearren. De ûnderkant fan it wyfke is wyt en hat brune plakken. De ametistspreeuw is oer it algemien frij stil.
Fersprieding De soarte libbet yn Afrika ûnder de Sahara en der wurde trije ûndersoarten erkend:
Cinnyricinclus leucogaster leucogaster: fan Senegal en Gambia oant Etioopje, Kenya en Tanzania. Cinnyricinclus leucogaster arabicus: fan eastlik Sûdan oant noardwestlik Somaalje en it Arabysk Skiereilân. Cinnyricinclus leucogaster verreauxi: fan súdlik Kongo-Kinsjasa oant westlik Tanzania, súdlik oant Botswana, noardeastlik Súd-Afrika en Mozambyk.
It habitat bestiet út bosk en by rivieren, mar ek út kultuerlân. Ametistprotters libje yn pearkes of lytsere groepkes.
Hâlden en dragen De ametiststaar yt fruit, beien, termiten en lytse ynsekten. In lechsel bestiet út twa oant fjouwer ljochtblauwe aaien mei readbrúne plakken en wurdt yn tolve oant fjirtjin dagen útbret. Beide âlders fuorje de jonge fûgels oant se nei likernôch 21 dagen útfleane.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje is grut, mar oannommen wurdt dat de soarte fanwegen de kap fan bosk yn oantallen ôfnimt mar net sa slim, dat de fûgel as bedrige beskôge wurdt. De IUCN klassifisearet de fûgel dêrom as net bedrige (LC, 2018). Der is gjin rûzing fan 'e soarte, mar de fûgel wurdt omskreaun as algemien oant talryk yn it hiele ferspriedingsgebiet.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ametiststaar Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda