De heuvelrotten (wittenskiplike namme: Bunomys) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en de ûnderfamylje fan 'e mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae). Anno 2014 wurde der acht soarten yn dit skaai yndield, dy't foarkomme op Selebes en it oanbuorjende lytsere eilân Buton, yn it easten fan Yndoneezje.
Soarten
skaai heuvelrotten (Bunomys) chrysocomus-groep gielhierrige heuvelrôt (Bunomys chrysocomus) himelske heuvelrôt (Bunomys coelestis) langsnútheuvelrôt (Bunomys prolatus) Tana-Torajaheuvelrôt (Bunomys torajae) fratrorum-groep andrewsheuvelrôt of Andrews' heuvelrôt (Bunomys andrewsi) binnenlânske heuvelrôt (Bunomys penitus) bruorreheuvelrôt (Bunomys fratrorum) karokoheuvelrôt (Bunomys karokophilus) Neffens in hypoteze dy't yn 2020 op 't aljemint brocht waard, soe ek de útstoarne buldochrôt (Rattus nativitatis) fan Krysteilân yn 'e noardeastlike Yndyske Oseaan, dy't oant no ta by de echte rotten (Rattus) yndield is, eins ta de heuvelrotten heard hawwe.
Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Mûseftige