Dünfus is in plak yn 'e lânkring Cochem-Zell yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It doarp is ûnderdiel fan it gemeenteferbân Kaiseresch.
Dünfus leit yn in delling fan 'e Brohlbach westlik fan Brohl en Forst (Eifel).
Skiednis It plak waard yn 1288 foar it earst neamd. Tusken 1686 en 1688 waard in oan Sint-Bartolomeús wijde kapel boud. Troch de besetting fan 'e Frânsen yn 1794 kaam der in ein oan it bewâld fan Kar-Trier. Yn 1815 waard it doar mei it Weenske Kongres oan it Keninkryk Prusen takend. Yn 1933 waard Dünfus by it amt Karden-Treis yndield yn 'e doetiidske lânkring Cochem. Sûnt 1946 heart it plak yn 'e doe stifte dielsteat Rynlân-Palts.
It besjen wurdich De út 1688 datearjende filiaaltsjerke fan Sint-Bartoloméus. In 18e iuwske pleats oan 'e Bergstraße 5 (foar in part fakwurk). In achthoekige weikapel út de 19e iuw (súd fan it doarp oan 'e L108).
Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts