De Laplânûle (Strix nebulosa) is in fûgelsoarte yn it skaai wâldûlen (Strix) út de famylje ûlefûgels (Strigidae). It is ien fan 'e grutste ûlen en allinnich de oehoe en de snieûle binne grutter. Laplânûlen libje yn it hege noarden.
Skaaimerken thumb|left|Fleanende Laplânûle. Laplânûlen wurde 62 oant 70 sm lang en ha in tige lange sturt. De spanwiidte is likernôch 139 sm oant 146 sm. Wyfkes binne grutter en swierder as mantsjes. De fûgel liket foarser as er is mei't er in tichte laach fearren hat, dy't oant de poaten hingje en him goed tsjin de kjeld beskermje. De kleur fan 'e fûgel is meast griis en dêrom wurdt er yn it Ingelsk ek wol grutte grize ûle (Great Grey Owl) neamd. Se ha in rûne kop mei tige grutte eachkrânsen. De eagen binne relatyf lyts en giel. Tusken de eagen en de snaffel rinne yn 'e foarm fan in heale moanne wite streken en hy hat in swart burd.
Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan Laplânûlen leit oer in brede gurdle fan Skandinaavje nei it noarden fan Ruslân en Sibearje oant it noarden fan Noard-Amearika. It habitat fan 'e soarte bestiet út âlde spjirre, dinne- en bjirkebosken mei iepen plakken dêr't er jeije kin.
De soarte wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:
De nominaatfoarm Strix nebulosa nebulosa (Forster, 1772) komt yn it noarden fan Noard-Amearika foar. De Strix nebulosa lapponica (Thunberg, 1798) komst yn it noarden fan Europa en Aazje foar.
Hâlden en dragen Laplânûlen jeie oerdeis en nachts. Se sitte op in plak dêr't se de omjouwing oereidzje en stoarte harren fanôf dat plak op 'e proai, somtiden yn in tsjokke laach snie. De fûgels frette lytsere bisten lykas wrotmûzen, spitsmûzen en somtiden lytse fûgels.
Foar it brieden brûke se âlde nêsten fan oare fûgels yn in beam of in holte yn in stobbe. Se ha net sokke grutte territoaria en binne yn 'e regel ek net aggresyf nei oanbuorjende pearkes.
Status Laplânûlen dogge it goed en harren oantallen nimme ta. Yn 2021 rûsde BirdLife International it oantal fûgels op 50.000 oant 100.000 folwoeksen fûgels. De fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige klassifisearre. De moderne bosbou wurket yn it neidiel foar de fûgel om't ek de alde stobben opromme wurde en der gjin âlde nêsten fan rôffûgels beskikber binne, mar as kompinsaasje wurde der op in soad plakken keunstmjittige nêsten boud. Dat makket dat ek jong bosk foar de soarte geskikt is om yn te brieden.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wâldûle Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân