Dieden is in doarpke oan 'e Maas yn 'e Noard-Brabânske gemeente Oss.

Besjoer Oant 1810 wie Dieden in selsstannige gemeente. Doe't it Keninkryk Hollân yn 1810 troch Frankryk anneksearre waard, waard Dieden yn opdracht fan Napoleon Bonaparte gearfoege mei de gemeente Demen en Langel, wêrnei't de gemeente Dieden, Demen en Langel ûntstie. Dieden wie it haadplak fan dy gemeente. Yn 1923 waard dy gemeente ûnderdiel fan 'e gemeente Ravenstein, dy't op 1 jannewaris 2003 ûnderdiel waard fan 'e gemeente Oss.

Namme De stavering fan 'e namme fan it doarp is yn 'e rin fan 'e jierren ferskate kearen feroare. Sa waard it plak earder as Dichden, Diechden, Diegden, en sels Dieten skreaun. De namme is in kombinaasje fan dic (dyk) en den (in bewenber plak). De namme betsjut dêrfandinne eins in bewenber plak oan 'e dyk.

Skiednis Dieden wie tradisjoneel in ûnôfhinklike hearlikheid dat ûnderdiel wie fan it Lân fan Maas en Waal, dat ta Gelre hearde. It kastiel fan Dieden waard om 1875 hinne ôfbrutsen. De resten fan dat kastiel binne noch sichtber yn it lânskip: de grêft, it brêgehaad, in feeskuorre en in diel fan it koetshûs. It kastiel stie westlik fan it doarp.

It besjen wurdich thumb|left|De eardere nôtmûne Stella Polaris. Oan 'e Maasdyk stiet de 12e of 13e iuwske romaanske Sint-Laurentiustsjerke. Eastlik fan it doarp stiet de Stella Polaris, in rûne stiennen mûne út 1865 .

Gea Dieden leit oan 'e Maas. Westlik fan Dieden leit it natoerreservaat Diedense Uiterdijk. Tsjin de Maasdyk oan lizze in oantal wielen, dy't bekend binne as de Puollen fan Dieden.

Kategory:Plak yn Oss Kategory:Plak yn Noard-Brabân