De Sint-Laurentiustsjerke, ek wol bekend as de herfoarme tsjerke, is in protestantsk tsjerkegebou yn it Noard-Brabânske plak Dieden. De tsjerke is oarspronklik wijd oan Laurentius fan Rome.

Skiednis thumb|left|De tsjerke yn 1967 foar de restauraasje. De tsjerke is op in sânrêch boud oan 'e Maas en datearret foar in part út 'e 13e iuw. De oarspronklik roomske tsjerke foel yn 1614 yn protestantske hannen. Sûnt 1648 tsjerkten de katoliken yn 'e Sint-Willibrordustsjerke yn it oanbuorjende Demen. De tsjerke rekke yn 'e 20e iuw bûten gebrûk en it krúsferwulft stoarte op it lêst yn. Yn 1965 waarden de tsjerke en de toer as ryksmonumint oanwiisd. Dêrnei folge yn 'e jierren 1970-1971 in restauraasje en krige de tsjerke en toer wer in sealtek, in spits en in treptoer.

De tsjerke is net liturgysk yn gebrûk en eigendom fan it Monuminten Fûns Brabân. In lêste restauraasje folge yn 2008.

Beskriuwing It tsjerkegebou hat oan 'e sydmuorren twa goatyske finsters, dy't sûnt de 15e iuw mei steunbearen ôfwiksele wurde doe't it skip ferhege waard.

De 15e-iuwske toer is trijelidde en hat útsein in pear bline nissen yn 'e twadde lidding net in soad fersiering. Yn 'e legere dielen is dowestien op 'e nij brûkt en foar de rest bestiet de toer út bakstien.

Yn it boppediel sitte dûbele galmgatten yn rûnbôgenissen. De ynsnuorre spits is achtsidich.

Gebrûk De tsjerke wurdt brûkt as keunstatelier.

Kategory:Dieden Kategory:Bouwurk yn Oss Kategory:Tsjerkegebou yn Noard-Brabân Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Brabân Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân Kategory:Bouwurk út de 13e iuw