Gassel (Brabânsk: Gààsel) is in doarp yn 'e Noard-Brabânske gemeente Lân fan Cuijk. Gassel leit tusken de palkken Grave en Beers.
Bestjoerlike yndieling Gassel wie tusken 1811 oant 1942 in selsstannige gemeente. Yn dat jier waard it plak yndield by de gemeente Beers. Yn 1994 waard de gemeente Beers ferdield tusken de gemeenten Cuijk en Grave. Op 1 jannewaris 2022 waard de gemeente Cuijk by de folle gruttere gemeente Lân fan Cuijk yndield.
Skiednis Gassel leit op in ferheging yn it lânskip likernôch 1 km súdlik fan 'e hjoeddeiske Maas. Dy hichte bea beskerming tsjin de doe wylde rivier. De Bearske Maas streamde súdlik fan it hjoeddeiske doarp.
Yn 1964 waard by it ploegen by de buorkskip Nieuw-Gassel in brûnzen bile mei in foet út likernôch 800 f.Kr. ûntdutsen. Oerbliuwsels út 'e Merovingyske tiid waarden ek by Gassel fûn, ynklusyf spoaren fan in pleats út 'e 7e iuw en fjouwer Merovingyske putten. thumb|left|Pleatske yn Gassel. It doarp ûntstie út in kluster fan pleatsen oan 'e râne fan 'e rivierdún. De ynwenners fan it plak bewurken lytse ikkers en greiden yn 'e omkriten. Bestjoerlik hearde Gassel sûnt de midsiuwen ta it Lân fan Cuijk. De âldste fermelding fan Gassel datearret út 1337.
Midden op 'e natuerlike ferheging stiet de Jehannestsjerke, oarspronkelik in goatyske tsjerke mar yn 'e lette 19e iuw ferfongen troch in neogoatysk gebou. Tegearre mei de tsjerke foarmet it Julianaplein it doarpssintrum. De struktuer fan Gassel hat noch foar in grut part in histoarysk karakter. De iennige grutte feroaring wie de oanlis fan 'e provinsjale dyk oan 'e noardlike kant fan it doarp.
Gassel hat eartiids in oerset oer de Maas nei Overasselt hân, mar dy is al in skoft lyn opheft.
Yn 'e jierren 1930 waard de Gasselse Heide yn it ramt fan 'e wurkferskaffing beplante mei konifearen en dêrmei kaam in ein oan 'e sânferstowings.
Untwikkeling ynwennertal By de folkstelling fan 1795 hie Gassel 308 ynwenners. Om 1865 hinne, neffens de saneamde Kuiperkaart, wennen der 575 ynwenners yn 'e doetiidske gemeente Gassel op in oerflak fan 1006 bunder. Yn 1972 wie dat oantal 900 ynwenners en yn 2007 wiene dat der 1173.
Wapen It wapen fan it doarp hat de rykskleuren blau en goud. Op it blauwe skyld wurdt yn goud de evangelist Jehannes mei in earn, syn symboal, yn goud toand.
It besjen wurdich De Sint-Jehannestsjerke (wijd oan Jehannes de Doper); De nôtmûne Bergzicht út 1817.
Kategory:Plak yn Noard-Brabân Kategory:Plak yn Lân fan Cuijk Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1942