Bergzicht is in nôt- en bultmûne yn it Noard-Brabânske plak Gassel yn 'e gemeente Lân fan Cuijk. De namme komt fan it útsjoch dat de heechlizzende mûne eartiids op 'e Mookske Berch hie, dy't no mei beammen begroeit is.

Skiednis De mûne waard yn 1817 boud en ferfong in mûne út 1805 dy't yn 1814 troch weromlûkende Frânske troepen yn 'e brân stutsen wie. It is in achthoekige houten bultmûne op in stiennen basis. Oarspronklik wie it achtkant mei daklear beklaaid, mar fanwegen de konstruksje fan it achtkant sûnder fjildkrusen levere it daklear faak skuorren op en dêrom waard it daklear by in restauraasje yn 1963 mei reid dutsen. It is de ienige oerbleaune echte achthoekige mûne yn Brabân. De flecht fan 'e mûne is is 24,90 /25,30 m.

Yn it ferline mealle de mûne ek bast, mar hjoed-de-dei allinnich noch nôt. De folslein wurkjende nôtmûne wurdt no betsjinne troch frijwilligers en kin op tongersdeis fan 10.00 oere oant 15.00 oere besocht wurde.

Kategory:Gassel Kategory:Mole yn Noard-Brabân Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Brabân Kategory:Bouwurk yn Lân fan Cuijk Kategory:Bouwurk út 1817 Kategory:Bultmole Kategory:Nôtmole