De Sint-Jehannes de Dopertsjerke of Sint-Jânstsjerke is in roomsk tsjerkegebou yn Gassel yn 'e Noard-Brabânske gemeente Lân fan Cuijk. De tsjerke stiet oan it Julianaplein 1 en is wijd oan Jehannes de Doper.
Skiednis De hjoeddeiske tsjerke waard yn 1875 nefens in ûntwerp fan J. Werten boud. De hjoeddeiske neogoatyske tsjerke ferfong in goatyske tsjerke.
Op 27 maaie 2003 waard it tsjerkegebou opnommen yn it ryksmonuminteregister.
Ynrjochting De tsjerke is foar it grutste part ynrjochte mei 19e-iuwsk neogoatysk meubilêr. In byld fan Jehannes de Doper datearret fan it lêste fearn fan 'e 18e iuw.monumenten.nl, oproppen 21 july 2025.
Oargel thumb|left|Smits-oargel. It oargel fan 'e tsjerke is âlder as de tsjerke sels en waard yn 'e jierren 1846-1847 boud troch Fransicus Cornelius Smits út Reek. Alhoewol't de oargelbouwer in oargel mei in haadwurk en in ûnderposityf foar eagen hie, levere hy in oargel mei allinnich in haadwurk. De wynlade en it piipwurk foar it ûnderposityf bleaune reservearre. Yn 1997 krige de firma Verschueren de opdracht om it oargel te restaurearjen. De plannen foar it foltôgjen fan it posityf waarden net útfierd. Op 6 maaie 2001 is it oargel wer yn gebrûk nommen.
Arsjitektuer Oars as wenst is de Jehannestsjerke in net-oriïntearre neogoatyske tsjerke. De fan reade bakstien hat de toer op it suden en it koer op it noarden. De trijeskippige tsjerke is fjouwer traveeën lang en hat in trijesidich sletten koer fan ien travee.
De toer wurdt oan beide kanten foar in part omklamme troch de sydskippen. De fjouwerlidde toer hat opinoar lizzende diagonale steunbearen en wurdt bekroand troch in leech piramidetek omklamme troch in balustrade mei pinakels op 'e hoeken.
Keppeling om utens Noard-Brabânske oargelkultuer: ynformaasje en disposysje oargel.
Kategory:Gassel Kategory:Bouwurk yn Lân fan Cuijk Kategory:Bouwurk út 1875 Kategory:Tsjerkegebou yn Noard-Brabân Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Brabân Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom De Bosk