De Karoorotten (wittenskiplike namme: Myotomys) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en de ûnderfamylje fan 'e mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae).

Ta dit skaai hearre 2 ûnderskate soarten dy't foarkomme yn Súdlik Afrika. It skaai is ferneamd nei de Karoo, in healwoastyn yn it súdwesten fan Súd-Afrika. Foarhinne waarden de Karoorotten yn it skaai fan 'e poelrotten (Otomys) pleatst, en dêrom wurde de beide soarten noch altyd oantsjut as "poelrotten".

Soarten

skaai Karoorotten (Myotomys) sloggettpoelrôt of Sloggetts poelrôt (Myotomys sloggetti) strûkpoelrôt (Mytomys unisulcatus)

Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Mûseftige