Haarendael is in lângoed by Haaren yn Noard-Brabân.

Skiednis It lângoed Haarendael waard stifte troch it bisdom De Bosk en wie in grutseminaarje om dêr prysters op te lieden. It idee ûntstie yn 1833 op in stuit dat de wenningneed ûnder it groeiende tal studinten oplost wurde moast. It nije seminaarje waard yn 1839 yn gebrûk nommen en it âldste diel fan it hjoeddeiske kompleks is it yn U-foarm boude kompleks om de kapel hinne.

It bleau oant 1941 in seminaarje doe't de nazy's de gebouwen opeasken en as finzenis brûkten. Yn it saneamde kamp Haaren waarden fersetsminsken, politisi en gizelers finzen set. Op Mâle Tiisdei waarden de gebouwen ferlitten en de finzenen nei oare kampen deportearre. thumb|left|Treppehûs. Haaren waard op 26 oktober 1944 befrijd troch de Ingelsen, dy't de gebouwen dêrnei brûkten. De lêste Ingelske befrijers ferlieten op 15 maaie 1945 it seminaarje en sûnt kamen de studinten werom. Yn 1967 kaam der in ein oan 'e prysteropleiding en it grutseminaarje waard opheft.

De gebouwen binne dêrnei troch in soarchynstelling foar minsken mei in ferstannelike beheining yn gebrûk nommen. Nei't dy organisaasje yn 2012 ferhûze stie it leech oant it yn 2019 oankocht waard troch de hjoeddeiske eigner. Yn 2019 ûntstie der in grutte brân, wertroch in grut diel fan 'e gebouwen ôfbaarnde. De monumintale kapel út 1938 bleau dêrby sparre.

Yn juny 2025 waard bekend makke dat de provinsje in plan goedkarde om 250 apparteminten op it lângoed te bouwen mei respekt foar it histoaryske karakter fan it âlde haadgebou fan it seminaarje. Der is ek in plan opsteld om û.o. in kelder foar flearmûzen en in souder foar goudûlen en flearmûzen te realisearjen.Brabânsk Deiblêd: Doorbraak bij Landgoed Haarendael: provincie keurt plannen goed na aanpassing plek van appartementen, 5 juni 2025.

Kapel fan it grutseminaarje thumb|left|De krúsbasilyk fan it seminaarje. De kapel fan it seminaarje is feitlik in monumintale trijeskipppige krúsbasilyk yn 'e styl fan 'e Delftske Skoalle. It ûntwerp is fan Marinius Jan Grandpré Molière (1883-1972). De kapel ferfong yn 'e jierren 1937-1938 de lytsere kapel út 1837. De ynrjochting liket ynearsten ienfâldich, mar de dekoraasjes wurde fan in hege keunsthistoaryske en arsjitektoanyske kwaliteit wurdearre.

Kategory:Lângoed yn Noard-Brabân Kategory:Bouwurk yn Oisterwijk Kategory:Bisdom De Bosk Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1833 Kategory:Organisaasje opheft yn 1968 Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Brabân