De Kretinzyske reuzerotten (wittenskiplike namme: Kritimys) foarmje in útstoarn skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en de ûnderfamylje fan 'e mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae). It skaai bestiet út twa soarten, dy't yn harren fersprieding beheind wiene ta it Grykske eilân Kreta. Se libben fan it Ier- oant Mid-Pleistoseen. De wittenskiplike namme Kritimys betsjut "mûs" (mys) "fan Kreta" (Gryksk: Kriti).
Taksonomy De Kretinzyske reuzerotten waarden foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1968 troch de paleöntologen Kuss en Missone. Der binne twa ûnderskate soarten bekend: de âldere Kretinzyske reuzerôt (Kritimys kiridus), dy't libbe yn it Ier- oant Mid-Pleistoseen, fan likernôch 2,6 miljoen oant 1,7 miljoen jier lyn, en de jongere Kretinzyske reuzerôt (Kritimys catreus), dy't libbe yn it Mid-Pleistoseen, fan likernôch 1,7 miljoen oant 900.000 jier lyn.
Beide soarten kamen nea njonkeninoar foar; ynstee ornearje saakkundigen dat der in ôfstammingsrelaasje bestie, wêrby't de jongere Kretinzyske reuzerôt him stadichoan troch evolúsje ûntwikkele út 'e âldere Kretinzyske reuzerôt. Beide soarten wiene endemysk op Kreta en kamen nearne oars foar. It tinken is dat de Kretinzyske reuzerotten ôfstammen fan it skaai fan 'e Afrikaanske sêfthierrotten (Praomys).
Beskriuwing Sa't gauris foarkomt mei kjifdieren dy't isolearre reitsje op eilannen, wiene de Kretinzyske reuzerotten grutter as harren sibben op it fêstelân. Dat wie in stadich proses fan oanwinnen yn grutte, dat syn beslach krige oer in perioade fan hûnderttûzenen oant miljoenen jierren. De Kretinzyske reuzerotten binne dêrmei in foarbyld fan eilânreuzegroei of eilângigantisme. It wurdt rûsd dat de jongere Kretinzyske reuzerôt (K. catreus) sa'n 518 g weage, wat 6,7 kear sa swier is as syn oarspronklike foarâlder op it fêstelân.
Paleobiology Yn 'e perioade dat de Kretinzyske reuzerotten bestiene, libben der mar twa oare sûchdieren op Kreta, te witten: de Kretinzyske dwerchmammoet (Mammuthus creticus) en it Kretinzyske dwerchnylhoars (Hippopotamus creutzburgi). Beiden wiene dat herbivoaren. De wichtichste natuerlike fijân fan 'e Kretinzyske reuzerotten wie nei alle gedachten de Kretinzyske ûle (Athene cretensis).
De jongere Kretinzyske reuzerôt stoar út oan 'e ein fan it Mid-Pleistoseen, nei't Bate's lytse mûs (Mus bateae) op it eilân ferskynde. Dat wie in soarte echte mûs (Mus), dy't blykber better oanpast wie oan 'e omstannichheden. Dat de jongere Kretinzyske reuzerôt koart foar syn útstjerren in ôfname yn lichemsgrutte sjen liet, wie nei alle gedachten in teken fan 'e fûleindige konkurrinsje mei Bate's lytse mûs.
Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Mûseftige Kategory:Fossyl sûchdiereskaai Kategory:Fossyl yn Grikelân Kategory:Skiednis fan Kreta