It kastiel fan Batenburg is in ruïne fan in kastiel yn it stedsje Batenburg yn 'e gemeente Wijchen (provinsje Gelderlân). De ruïne stiet op in keunstmjittige ferheging fuort noardlik fan 'e bebouwing fan it stedsje. It kastiel waard yn 1794 troch de Frânsen ferneatige.
Skiednis Neffens de oerlevering wie eartiids boppe de tagongspoarte in gevelstien werop yn Aldgoatyske letters stie dat it slot Batenburg yn it jier 527 op 'e fûneminten fan 'e timpel fan Mars Fiktor boud wie. Foar de poart oer wie in dûbele doar, in punt mei hillich boarnewetter dat in genêzende krêft tsjin goarre ha soe. It wetter út dy put waard de amer troch de bewekkers fan 'e poarte ferkocht. thumb|left|Plattegrûn fan Batenburg. De hege âlderdom fan it kastiel komt mei it ferskinen fan 'e earste leden fan it skaai fan Batenburg oerien. Skriftlike boarnen út likernôch 1080 makken al foar it earst melding fan 'e hearen fan Batenburg. Harren macht wie foar in grut part te tankjen oan 'e lokaasje fan it goed en it slot op 'e grins fan Brabân en Gelre. It skaai stoar lykwols yn 'e 13e iuw út.
Troch it houlik fan Jehanne Batenburg en Willem I fan Bronckhorst-Batenburg kaam it slot mei de hearlikheid yn hannen fan it skaai Bronkhorst, dat yn in lange striid mei de Heeckerens fertize wie. Fral yn dy tiid hie it kastiel in soad te lijen fan (lokale) kriichshannelingen. Yn 1408 waard Batenburg troch Gysbert fan Bronckhorst ferpâne oan syn sweager Jan fan Berlair, dy 't it wer ferpâne oan Anton fan Brabân, dy't it brûkte yn syn striid tsjin Gelre. Gysbert oermastere dêrnei Batenburg werom yn 1413. Batenburg waard ferskillende kearen belegere en rekke dêrby somtiden slim skeansearre, lykas yn 1497 troch Albert fan Saksen, yn 1587 by it Belis fan Grave yn 1672 troch de Frânsen. Neidat Jehanne fan Bronckhorst yn 1630 mei Jehan fan Horne troude, gyng it goed yn 1641 oer nei de greve fan Horne.
Yn 1701 troude Isabella Justine fan Horne mei greve Ernst Willem fan Bentheim-Steinfurt. Dêrmei kaam it besit yn hannen fan 'e greven fan Bentheim en Steinfurt. It eigendom soe dêrnei net mear feroarje en it bleau yn harren besit oant 1945, doe't it as Dútsk besit yn it ramt fan it Beslút Fijannelik Fermogen troch de Nederlânske steat konfiskearre waard. thumb|left|Ruïne. Yn 1794 stieken Frânske troepen it kastiel yn 'e brân en sûnt 1795 waard it as in stiengroeve brûkt. De resten binne hjoed-de-dei in ryksmonumint. Eastlik stiet oan 'e Maasdyk de mûne fan Batenburg, dy't by it goed hearde.
Beskriuwing De ruíne hat in sirkelfoarmige plattegrûn fan likernôch 40 m trochsnit. De resten fan 'e ringmuorren binne noch goed te werkennen. De resten fan it poartegebou mei dielen fan 'e tuorren oan wjerskanten steane oan 'e eastlike kant. Dêr tsjinoer is noch in wichtich diel te sjen fan 'e foarste rûne toer fan wikseljend reade bakstien en mergelbannen. Oan 'e noardlike en súdlike kant steane noch twa rûndielen.
Kategory:Bouwurk yn Wijchen Batenburg Batenburg Kategory:Bouwurk út de 14e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn 1794