De finzentoer yn Megen is ien fan 'e eardere fjouwer poarten fan it stedsje Megen, Noard-Brabân, en foarme in ûnderdiel fan 'e 14e-iuwske ferdigeningswurken om it stedsje hinne. Oan 'e oare kant fan 'e strjitte stie noch in toer en tegearre foarmen se de eastlike tagong ta Megen. Njonken de eastlike poarte hie Megen noch trije oare tagongspoarten.

Megen waard yn 'e Tachtichjierrige Kriich ferskillende kearen troch Steatske en Spaanske troepen plondere en yn 1581 makke in grutte stedsbrân in ein oan 'e militêre betsjutting fan it stedsje.

Yn 'e rin fan 'e tiid binne de ferdigeningswurken ôfbrutsen, mar de toer bleau bestean en waard ek as finzenis brûkt. Yn 'e jierren 1930 waard dêr de lieder fan 'e Binde fan Oss opsletten, mar hy wist al nei in dei út te piken.

De fjouwerkante toer hat in sealtek mei oan wjerskanten in trepgevel.

Kategory:Megen Kategory:Eardere finzenis yn Nederlân Kategory:Poarte yn Nederlân Kategory:Bouwurk yn Noard-Brabân Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Brabân