De Sint-Servatiustsjerke is in neogoatysk tsjerkegebou yn it Noardbrabânske stedsje Megen. De tsjerke wie in katolyk tsjerkegebou, mar waard sûnt 2018 net mear brûkt. Yn 2023 waard de tsjerke ferhierd oan 'e Roemeensk-Otterdokse Tsjerke mei it rjocht om it gebou te keapjen. Yn 2024 waard troch de Roemeensk-Otterdokse Tsjerke fan dat rjocht gebrûk makke. De toer bleau lykwols yn besit fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.

Skiednis Neffens in beslút fan Innosintius III foel Megen ûnder de Sint-Servaasbasilyk fan Maastricht. Mei de greve fan Megen beneamden hja om bar de pastoar foar Megen. Troch it beslút fan 'e paus is Servatius ek de patroanhillige fan 'e tsjerke fan Megen.

De midsiuwske tsjerke fan Megen waard yn 1581 yn 'e striid fan 'e Tachtichjierrige Kriich tusken Steatske en Spaanske troepen ferneatige. Tusken 1581 en 1872 brûkten de katoliken de Antoniuskapel fan it kleaster as tsjerke, mar yn 1872 waard útein set mei de bou fan in eigen parochytsjerke. Trije jier letter fûn de ynwijing plak fan 'e trijeskippige tsjerke, dy't neffens in neogoatysk ûntwerp fan Hugo Cornelis Dobbe boud waard.

Ynrjochting De tsjerke besit in tsiental houten bylden, twa neogoatyske bychtstuollen, neogoatyske bylden en reliëfs dy't ôfkomstich binne fan ôfbrutsen alters en in barokke corpus fan in krúsbyld. De klok yn 'e toer waard yn 1399 getten.

Oargel thumb|left|Oargel. It oargel waard yn 1879 boud troch de bruorren Gradussen. It iennige dat yn 'e rin fan 'e tiid feroare is dat it oargel yn 1931 in elektryske wynfoarsjenning krige fan Vermeulen. Fierders is it ynstrumint noch yn oarspronklike steat. Itjinge opfalt is dat it wapen fan Amsterdam op 'e oargelkas ôfbylde wurdt. Nei alle gedachten is it oargel skonken troch immen út de haadstêd. Yn 'e jierren 2010-2011 is it oargel restaurearre.

Keppeling om utens Orgelsite: disposysje oargel.

Kategory:Megen Kategory:Bouwurk yn Oss Kategory:Tsjerkegebou yn Noard-Brabân Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Brabân Kategory:Bouwurk út 1735 Kategory:Eastersk-otterdoks tsjerkegebou