Frânsk-Polyneezje, ek skreaun as Frânsk-Polynezië (Frânsk: Polynésie française, útspr.: [pɔlineˈzi fʁɔ̃ˈsɛːz], likernôch: "poh-ly-nee-zy fchông-sêz; Tahitiaansk: Pōrīnetia Farāni, útspr.: [poːriːnetia faraːni], likernôch: "poo-rii-nit-ty-ah fah-raa-ni") is in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de dûbele status fan in oerseeske kollektiviteit en fan in oerseesk lân binnen de Frânske Republyk. Frânsk-Polyneezje leit yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan en makket diel út fan 'e gruttere regio Polyneezje. It bestiet út fiif eilannegroepen, en hat in trochsneed fan mear as 2.400 km fan east nei west. De wichtichste arsjipel wurdt foarme troch de Genoatskipseilannen, mei Tahity as haadeilân. Dêr leit ek Papeete, de haadstêd fan Frânsk-Polyneezje. It op ien nei bekendste eilân is de eksoatyske fakânsjebestimming Bora Bora. Neffens de folkstelling fan 2022 hie Frânsk-Polyneezje doe krapoan 279.000 ynwenners. De iennichste offisjele taal is it Frânsk, mar de lânseigen Polynezyske talen genietsje in beskate erkenning as streektalen.
De eilannen fan Frânsk-Polyneezje waarden om it begjin fan 'e Westerske jiertelling hinne foar it earst troch de minske kolonisearre yn it ramt fan it Grutte Polynezyske Folkeferfarren. De earste moeting fan 'e lânseigen befolking mei Jeropeeske seefarders wie yn 1521. Harren kristening troch Westerske sindelingen begûn oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw. Yn 1842 rôp Frankryk in protektoraat út oer it Keninkryk Tahity, en yn 'e folgjende krapoan sechstich jier waard de rest fan Frânsk-Polyneezje ta koloanje makke. Sûnt 1977 genietet it gebiet in beskate mjitte fan selsbestjoer. Frânsk-Polyneezje stiet noch altyd op 'e list fan 'e Feriene Naasjes fan gebieten dy't jit dekolonisearre wurde moatte.
Geografy Frânsk-Polyneezje leit yn it sintrale diel fan 'e Stille Oseaan, súdlik fan 'e Evener. It makket diel út fan 'e gruttere regio Polyneezje, dêr't û.o. ek Tonga, Samoä, Amerikaansk-Samoä, de Cookeilannen, Hawaï en Nij-Seelân ta hearre. Yn steatkundige sin grinzget Frânsk-Polyneezje yn it westen oan 'e Cookeilannen, in steat yn frije assosjaasje mei Nij-Seelân; yn it noardwesten oan Kiribaty, dat ta de regio Mikroneezje heart; en yn it súdeasten oan 'e Pitcairneilannen, in oerseesk gebietsdiel fan it Feriene Keninkryk. Yn it noarden, noardeasten, easten, suden en súdwesten leit inkeld de iepen oseaan. Frânsk-Polyneezje leit 6.000 km bewesten Sily, 5.200 km beëasten Austraalje, en 15.700 km fan 'e Frânske haadstêd Parys ôf.
It totale oerflak oan lân fan Frânsk-Polyneezje is mar 3.521,2 km² (ta ferliking: Fryslân hat in lânoerflak fan 3.340 km²). Dat lân is tige by tige fragmintearre en leit yn lytse stikjes en brokjes fersille tusken 8° en 28° suderbreedte en tusken 134° en 155° westerlingte, oer in ôfstân fan rûchwei 2.400 km iepen oseaan fan east nei west en sa'n 2.750 km iepen oseaan fan noard nei súd. Yn totaal binne der 121 eilannen en atollen, dy't ferdield binne oer fiif grutte arsjipellen.
It fierst nei it westen ta lizze de Genoatskipseilannen (Frânsk: Îles de la Societé), mei in mienskiplik oerflak oan lân fan 1.598 km². Se binne op te dielen yn 'e Underwynske Eilannen (Îles Sous-le-Vent), dy't it westlikst lizze, en de Boppewynske Eilannen (Îles du Vent), mear nei it easten ta. De namme "Genoatskipseilannen" wie oarspronklik inkeld bedoeld foar de Underwynske Eilannen. It wie in betinksel fan 'e Britske ûntdekkingsreizger James Cook, dy't fûn dat dy eilannen sa deun byinoar leine, dat se, yn it Ingelsk sein, in close society ("yn nei selskip") wiene. Mar it wurd society betsjut bûten dy kontekst ornaris "genoatskip", dat sadwaande.
De Underwynske Eilannen besteane út 5 hege, fulkanyske eilannen en 4 atollen, wylst de Boppewynske Eilannen 4 hege eilannen en 1 atol omfetsje. De Boppewynske Eilannen binne it tichtstbefolke part fan Frânsk-Polyneezje, mei as wichtichste eilân Tahity, dêr't de haadstêd Papeete leit, en ek it heechste punt fan Frânsk-Polyneezje, de berch de Orohena, mei in hichte fan 2.241 m boppe seenivo. In oar wichtich eilân út dy groep is Mo‘orea, fuort bewesten Tahity. It bekendste eilân fan 'e Underwynske Eilannen is de lúkse fakânsjebestimming Bora Bora. Oare wichtige eilannen yn dy groep binne Huahine en de twillingeilannen Ra‘iātea en Taha‘a.
Eastlik fan 'e Genoatskipseilannen lizze de Tûamotû-eilannen (Îles Tuamotu), de grutste arsjipel, dy't ek ferspraat is oer it grutste oerflak oan see, mear as 1.500 km fan noardwest nei súdeast en mear as 500 km fan east nei west. De westlikste eilannen lizze op sa'n 300 km ôfstân fan Tahity, wylst de eastliksten dêr rûchwei 1.500 km fan ôf lizze. Der binne 80 atollen, dy't yn totaal besteane út mear as 3.100 eilannen en eilantsjes mei in mienskiplik oerflak fan lykwols mar 699 km². De wichtichste eilannen binne Rangiroa, Manihi en Ahē, mar it bekendste is nei alle gedachten Moruroa, dêr't Frankryk fan 1963 oant 1996 atoombommen teste.
De Gambiereilannen (Îles Gambier) binne in lyts arsjipeltsje fan 6 hege eilannen en 1 atol, mei in mienskiplik oerflak fan mar krapoan 28 km². Dizze groep slút yn it súdeasten fan 'e Tûamotû-eilannen as in soartemint taheakke oan op dy gruttere arsjipel. De Gambiereilannen binne de eastliksten fan alle eilannen fan Frânsk-Polyneezje, op likernôch 1.600 km fan Tahity. It grutste en wichtichste eilân yn 'e groep is Mangareva.
Rjocht benoarden de Tûamotû-eilannen, oarekant in stik iepen oseaan sûnder eilannen, lizze de Markesaseilannen (ek: Marquesaseilannen of Markize-eilannen; Frânsk: Îles Marquises). Dy arsjipel, de noardlikste fan Frânsk-Polyneezje, leit op 1.400 km ôfstân fan Tahity, net fier ûnder de Evener. De Markesaseilannen besteane út 12 hege eilannen mei in mienskiplik oerflak fan 1.049 km². De arsjipel falt yn twa dielen útinoar, de Noardlike en de Súdlike Markesaseilannen. De wichtichste eilannen binne Nuku Hiva en ‘Ua Pou yn 'e noardlike groep, en Hiva ‘Oa yn 'e súdlike groep.
De lêste fan 'e fiif arsjipellen fan Frânsk-Polyneezje binne de Australeilannen (Îles Australes), dy't fier besuden de Genoatskipeilannen en de westlike Tûamotû-eilannen oerskrank oer de Stienbokskearkring hinne lizze. Dy groep bestiet út 5 hege eilannen en 1 atol mei in mienskiplik oerflak fan krapoan 148 km². Elts eilân leit fier fan alle oaren ôf, ferspraat oer in ôfstân fan 575 oant 1.275 km besuden Tahity. De wichtichste eilannen binne Rūrutu, Tupua‘i (Frânsk: Tubuai) en Ra‘ivavae. Dat lêste eilân leit al in hiel ein nei it súdeasten ta, noch fierder fan 'e oare eilannen ôf as dat dy faninoar ôf lizze.
Mar it súdlikst, ôfhandichst en meast isolearre fan allegearre is Rapa, dat 500 km fan it neiste oare bewenne eilân, Ra‘ivavae, ôf leit, en mar kwealk noch as ûnderdiel fan 'e Australeilannen beskôge wurde kin. It foarmet syn eigen lytse arsjipel, de Basseilannen (Îles basses) yn 'e mande mei it ûnbewenne Marotiri, ek bekend as Bass Rocks (Îlots de Bass). Rapa stie histoarysk bekend as Rapa Iti ("Lyts Rapa") om it te ûnderskieden fan Rapa Nui ("Grut Rapa"), dat de Polynezyske namme is foar it troch Sily bestjoerde Peaske-eilân.
Hoewol't it nea ta Frânsk-Polyneezje heard hat, waard it ûnbewenne Frânske eilân Clipperton, dat súdwestlik fan Meksiko leit, oant 2007 út 'e Frânsk-Polynezyske haadstêd Papeete wei bestjoerd.
Skiednis
Kolonisaasje troch de Polyneezjers By it Grutte Polynezyske Folkeferfarren, dat neffens antropologen en histoarisy om 1500 f.Kr. úteinsette, fearen Austronezyske folken út Súdeast-Aazje wei de iepen Stille Oseaan yn om nij lân te sykjen. Hja navigearren by de stjerren en setten har nei wenjen op 'e bewenbere eilannen dy't se tsjinkamen. Nei ferskate generaasjes setten dan groepkes fan 'e bewenners wer ôf, fierder nei it easten ta, op 'e siik nei nije eilannen. Dy stadige kolonisaasje fan 'e Stille Súdsee soe úteinlings syn fierste punt berikke op Peaske-eilân, dat 3.500 km út 'e kust fan Súd-Amearika leit, mar 14.600 km út 'e kust fan Aazje.
Saakkundigen ornearje dat de Markesaseilannen it earste part fan Frânsk-Polyneezje wiene dat kolonisearre waard, om 200 f.Kr. hinne. De oare eilannegroepen folgen letter, de Genoatskipseilannen omtrint 300 (n.Kr.). De iere Polynezyske bewenners fan Frânsk-Polyneezje lieten gjin skreaune boarnen nei, dat harren hiele skiednis en kultuer waard trochjûn troch mûnlinge oerlevering. Dêrfan gie gâns ferlern doe't letter Westerske sindelingen de lânseigen befolking it kristendom opkrongen.
Tiidrek fan 'e ûntdekkingsreizen It ierste kontakt fan 'e Polynezyske befolking fan 'e eilannen mei Jeropeeske seefarders foel foar yn 1521, doe't de Portegeeske ûntdekkingsreizger Fernão de Magalhães, dy't yn 'e tsjinst fan 'e Spaanske Kroan in reis om 'e wrâld makke, it eilân Pukapuka, yn it noardeasten fan 'e Tûamotû-arsjipel, yn it sicht krige. Yn 1606 ûntdiek in oare Spaanske ekspedysje ûnder lieding fan Pedro Fernandes de Queirós by it trochkrusen fan Polyneezje in eilân dat se Sagitaria neamden en dat nei alle gedachten Rekareka, súdeastlik fan Tahity, wie. Yn 1722 fear de Nederlanner Jacob Roggeveen troch it gebiet op in ekspedysje foar de Westyndyske Kompanjy (WIC), en lei dêrby kartografysk de lokaasje fêst fan seis eilannen yn 'e Tûamotû-arsjipel en twa yn 'e Genoatskipseilannen, wêrûnder Bora Bora.
De Britske ûntdekkingsreizger Samuel Wallis wie de earste Jeropeaan dy't Tahity oandie, yn 1767. In jier letter waard dat eilân ek besocht troch de Frânske ûntdekkingsreizger Louis Antoine de Bougainville, en wer in jier letter, yn 1769, arrivearre by Tahity in Britske ekspedysje ûnder lieding fan James Cook. Dyselde soe noch twaris nei it eilân weromkeare, yn 1773 en yn 1777, foar't er yn dat lêste jier fermoarde waard by de ûntdekking fan Hawaï. Yn 1772 joech don Manuel de Amat, de Spaanske ûnderkening fan 'e koloanje Perû, opdracht foar in nije ekspedysje nei Tahity ûnder lieding fan Domingo de Bonechea. Dyselde wie de earste Jeropeaan dy't behalven Tahity alle wichtige eilannen fan 'e Genoatskipseilannen ferkende. Yn 1774 fêstigen de Spanjerts in eigen delsetting op Tahity, dy't lykwols gjin lang libben beskern wie.
Kristening en kolonisaasje troch Frankryk Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw ferskynden de earste Westerske sindelingen op 'e Genoatskipseilannen. Leden fan it kalvinistyske Londensk Misjonêr Genoatskip (LMS), setten har yn 1797 permanint del yn 'e arsjipel. Omtrint dy tiid wiene de Genoatskipseilannen opdield yn fjouwer ûnôfhinklike keninkriken: it Keninkryk Tahity mei de eilannen Tahity, Mo‘orea, Teti‘aroa en Meheti‘a, it Keninkryk Huahine mei de eilannen Huahine en Mai‘ao, it Keninkryk Raiatea mei de eilannen Ra‘iātea en Taha‘a en it Keninkryk Bora Bora mei de eilannen Bora Bora, Tūpai, Maupiti, Mopelia (Maupiha‘ā), Scilly (Manuae) en Bellinghausen (Motu One). It machtichste keninkryk wie Tahity, om't dat fierwei de grutste befolking hie. Troch ynterne rebûlje moast kening Pōmare II fan Tahity yn 1803 de wyk nimme nei Mo‘orea. Troch syn ferswakke politike sitewaasje stied er mear iepen foar stipe wêr't er dy ek mar krije koe, en yn 1812 liet er him troch sindelingen fan it LMS dope.