Savatage is in Amerikaanske metalband oprjochte yn 1978 yn Tampa troch de bruorren Jon en Criss Oliva. De band brocht yn 1983 syn debútalbum Sirens út. De teksten fan de band gean benammen oer libben, en literatuer. Savatage hat alve studio-albums en twa live-albums útbrocht.

Skiednis Savatage stiet bekend om syn konseptalbums. Yn 1983 kaam harren debútalbum Sirens út. Dêrnei folgen noch alve albums, dêr’t it lêste fan yn 2001 ferskynde. Fan it sechsde album ôf Gutter Ballet gie de band in mear progressive paad op.

Yn 1991 makke Savatage in rockopera mei de namme Streets, dy't tsjintwurdich troch in soad minsken beskôge wurdt as it hichtepunt yn de Savatage-diskografy. Yn 1992 kaam sjonger Zak Stevens by de band. Hy naam de leadsang oer fan Jon Oliva. In 1993 kaam gitarist Criss Oliva om it libben nei't er troch in dronken automobilist oanriden waard. De band besleat nettsjinsteande dat ferlies dochs troch te gean. Gitarist Alex Skolnick kaam tydlik by de band om de ferstoarne Criss Oliva te ferfangen. Yn 2000 ferliet sjonger Zak Stevens de band, om yn 2003 de band Circle II Circle te foarmjen. De bandleden fan Circle II Circle stiene fan 2005 oant en mei 2010 Jon Oliva's Pain by. Jon Oliva's Pain wurdt troch in protte fans sjoen as de opfolger fan Savatage nettsjinsteande in ynterview mei it Nederlânske hardrock- en metaltydskrift Aardschok fan juny 2006 mei Jon Oliva, wêryn't hy sei noch ien Savatage-album meitsje te wollen mei dêrnjonken in live-album. Letter spruts hy dit wer tsjin yn oare media en kamen der oant en mei 2010 fjouwer albums fan Jon Oliva's Pain út. Yn 2010 ferskynde werklik in nije dûbel-album, mei live-materiaal en wat nije nûmers. Yn 2015 toerde Savatage mei it Trans-Siberian Orchestra as ien grutte band. Op dy wize wie Savatage wer diels werom foar de fans. Yn 2024 makke Savatage harren reüny bekend, mei ûnder oaren in optreden op Into The Grave yn 2025.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesSirens11 april 1983Par Records Power of the Night 20 maaie 1985 AtlanticHard for Love,In the Dream Fight for the Rock 30 juny 1986 Hall of the Mountain King 28 septimber 1987 Hall of the Mountain King,Strange Wings Gutter Ballet 1 desimber 1989 Gutter Ballet,When the Crowds Are Gone Streets 15 oktober 1991 Edge of Thorns 6 april 1993 Handful of Rain 16 augustus 1994 Dead Winter Dead 22 septimber 1995 One Child The Wake of Magellan 15 septimber 1997 Poets and Madmen 5 maart 2001 Nuclear Blast Commissar

Live-albums Album Utbrocht op Label Japan Live '94 9 oktober 1995 Intercord Ghost in the Ruins: A Tribute to Criss Oliva 15 desimber 1995 Fresh Fruit

Kompilaasje-albums Album Utbrocht ynFrom the Gutter to the Stage1996The Best and the Rest10 jannewaris 1997Believe18 novimber 1998Still the Orchestra Plays2 maart 2010Return to Wacken19 juny 2015

EP EP Utbrocht yn Label The Dungeons Are Calling15 april 1985EdelChance1994AtlanticDoesn't Matter Anyway1995

Kategory:Amerikaanske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1978