De Bermudagrûnspjocht (wittenskiplike namme: Colaptes oceanicus) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e spjochteftigen (Piciformes), de famylje fan 'e spjochten (Picidae) en it skaai fan 'e grûnspjochten (Colaptes). Dit bist is inkeld bekend fan fossilen út it Let-Pleistoseen en mooglik út it Ier-Holoseen fan Bermuda.

Taksonomy De Bermudagrûnspjocht waard foar it earst yn 2013 wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske ornitolooch Storrs L. Olson. Hy basearre him dêrfoar op fossile restanten fan 'e fûgel, dy't foar it meastepart al yn 1981 opdobbe wie troch himsels, David B. Wingate en oaren yn 'e Admirals Cave, de Winkinson Quarry en de Walsingham Sink Cave yn Hamiltoan Parish yn Bermuda.

Fersprieding De Bermudagrûnspjocht wie yn syn fersprieding beheind ta de arsjipel fan Bermuda, yn 'e westlike Atlantyske Oseaan, goed 1.000 km út 'e kust fan Noard-Amearika.

Datearring en útstjerren Fierwei it grutste part fan 'e fossilen fan 'e Bermudagrûnspjocht datearret út it Let-Pleistoseen oant likernôch 12.000 jier lyn. Sadwaande wurdt dizze fûgel almeast beskôge as ien fan 'e slachtoffers fan 'e Let-Pleistosene massa-ekstinksje yn Noard-Amearika. Der is ien bonke, in tarsometatarsus fan in juvenile fûgel, dy't opgroeven is út in Holosene grûnlaach yn it Natoerreservaat Spittal Pond. It is dreech om dêr konklúzjes oan te ferbinen, mei't ien sa'n bonke dêr ek bedarre wêze kin trochdat er letter opdobbe en fersleept is troch in iesiter.

Der bestiet lykwols ek in âld reisferslach fan 'e Ingelske ûntdekkingsreizger John Smith út 1623, wêryn't sprake is fan "spjochten" yn Bermuda:

<blockquote>Neither hath the Aire for her part been wanting with due supplies of many sorts of Fowles […] numbers of small birds like Sparrowes and Robins, which haue lately beene destroyed by the wilde Cats, Wood-pickars, very many Crowes [...]<small>Noch ûntbrekt it de Loft op himsels oan 'e nedige foarrieden fan withoefolle soarten fûgels […] oantallen lytse fûgels lykas Mosken en Readboarstkes, dy't koartlyn ferdylge binne troch de wylde Katten, Spjochten, in hiel soad Krieën […]"</small></blockquote>

Om't de Bermudagrûnspjocht de iennichste lânseigen spjochtesoarte yn Bermuda is, bestiet de mooglikheid dat de Bermudagrûnspjocht op 'e eilannen oerlibbe hat oant de iere kolonisaasje troch de Ingelsen. Mar dan is it de fraach wêrom't der gjin jongere fossilen fan 'e fûgel fûn binne. It meast foar de hân leit dêrom dat de Bermudagrûnspjocht yndie oan 'e ein fan it Pleistoseen útstoarn is, en dat Smith, dy't gjin ornitolooch wie, mei syn "wood-pickars''" ferwiisde nei in oarsoartige fûgel.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Grûnspjocht Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Utstoarne fûgel Kategory:Bist útstoarn yn it Pleistoseen