Paradysparkiten (Psepholettus) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje Pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae).
Tradisjoneel omfiemet it skaai fiif soarten, wêrfan't ien útstoarn is. De soarten waarden tradisjoneel mei de readrêchparkyt yn it skaai Psephotus set, mar út in molekulêre stúdzje dy't nukleêr en mitochondriaal DNA analysearre, die bliken dat de readrêchparkyt in iere ôfstammeling is yn in klade fan ferskate skaaien fan rosella's (Platycercus), wêrby't de oare soarten djipper yn 'e klade nestelje. Alle soarten ha in sterke seksuele dimorfy. Alle soarten binne endemysk yn Austraalje.
Soarten It skaai wurdt ferdield yn fjouwer soarten, wêrfan't ien soarte yn 'e 20e iuw útstoar. Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Status * / trend * 120px Gielskouderparkyt Psephotellus chrysopterygius bedrige 25pxPsephotellus chrysopterygius op Birdlife. 120px Paradysparkyt Psepholettus pulcherrimus † útstoarn Psepholettus pulcherrimus op Birdlife. 120px Reinbôgeparkyt Psepholettus varius net bedrige 25pxPsepholettus varius op Birdlife. 120px Swartkopparkyt Psephotellus dissimilis net bedrige stabylPsephotellus dissimilis op Birdlife.
Kategory:Pappegaai fan de Alde Wrâld Kategory:Fûgelskaai