Oliif is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan grien of fan giel. It wurdt omskreaun as in dûnkergielich griene kleur. De namme is ûntliend oan 'e oliiffrucht, dy't yn ûnripe steat krekt sa'n kleur hat. As oantsjutting foar dy kleur is it wurd 'oliif' al sûnt de Midsiuwen yn gebrûk. Oliif liket as kleur sterk op legergrien.
Oliiftinten De wichtichste tinten oliif binne:
oliif #808000 olivyn #9AB973 oliifgrien #6B8E23 swartoliif #3B3C36
Sjoch ek legergrien
Kategory:Kleur