De Sint-Falentinustsjerke is de parochytsjerke fan Poppel in plak yn 'e Belgyske gemeente Ravels.
Skiednis De earste fermelding fan in tsjerke yn Poppel datearret fan 1211, doe't de patronaatsrjochten fan 'e parochy troch it Sint-Servaas-kapittel yn Maastricht oerdroegen waard oan 'e Abdij fan Tongerlo. Oant 1823 wie de preester fan 'e tsjerke hyltiten in norbertyn út Tongerlo.
De hjoeddeiske tsjerke giet werom op 1520, mar waard yn 'e Tachtichjierrige Kriich fernijd. It Tolvejierrich Bestân (1609-1621) waard brûkt om de tsjerke te werbouwen, mar net lang dêrnei waard de spits troch de bliksem rekke en moast dy werboud wurde.
Tusken 1906 oant 1909 waard de tsjerke útwreide, wêrby't de sydskippen langer en breder makke waarden. Yn'e jierren 1911-1912 waarden yn neogoatyske styl in nij doksaal en in haadalter tafoege
Op 11 maaie 1940 rekke de tsjerke slim skansearre troch in Dútsk bombardemint. De brânskildere ramen waarden ferneatige. Yn 1941 waard de skea reparearre. Op 3 oktober 1944 waard de spits by besjittingen delhelle. Nei de oarloch waard de spits werboud en binne ek nije brânskildere ramen set.
Arsjitektuer De tsjerke is in trijeskippige krústsjerke en as in pseudobasilyk boud. It skip, it fiifsidige koer en it dwersskip binne yn 17e-iuwske goatyske styl, de neogoatyske sydskippen binne út it begjin fan 'e 20e iuw. De healynboude trijelidde toer is in fertsjintwurdiger fan 'e Kempyske gotyk. Oan 'e súdkant fan 'e toer is in mearhoekige treptoer.
Ynterieur Yn 'e tsjerke stiet in 15e-iuwsk retabel mei foarstellingen út it libben fan Us-Leaffrou. In alterstik fan Sint-Antonius Abt is fan 1766, Der binne skilderijen fan Sint-Augustinus (17e iuw), Sint-Falentyn (2e helte 17e iuw) en Sint-Norbertus dy't it Hillich Sakramint oanbidt (18e iuw).
Fierder is der in 15e-iuwsk byld fan Sint-Anne, in 15e-iuwske Madonna, in 16e-iuwske Kristus mei wrâldbol, in byld fan Anne Trijeresom (likernôch 1500), Petrus en Paulus (17e iuw) en 18e-iuwske bylden fan Augustinus, Norbertus, Fransiskus Ksavearius en de fjouwer evangelisten (18e iuw). Fierder binne der ek noch bylden út de 19e of de 20e iuw.
It haadalter fan sânstien is út 1911. Koarbanken, de kommunybank, de preekstoel en de bychtstuollen binne 18e-iuwsk.
Oargel It oargel datearret út de 2e helte fan 'e 18e iuw en wurdt taskreaun oan Delhaye.
Kategory:Poppel Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Antwerpen Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou yn Belgje Kategory:Bouwurk út de 16e iuw