Omroep Zeeland is de regionale publike omrop fan de Nederlânske provinsje Seelân.
Stifting Omroep Zeeland, oprjochte op 13 july 1988, is op 1 jannewaris 1990 as ien fan de lêste regionale publike omroppen úteinset mei radio-útstjoeringen út de studio yn Oost-Souburg wei. Op 1 oktober 1997 binne de aktiviteiten útwreide mei útstjoeringen op telefyzje. In maaie 2024 waard bekend dat Omroep Zeeland nei 35 jaar út Oost-Souburg wei útstjoerd te hawwen, ferhúzjen sil. De omrop sil yn 2026 nei in nij te bouwen gebou yn Flissingen. De stjoerder makket nijs-, ynformaasje- en muzykprogramma's. De Omrop is te belústerjen fia FM, fia ynternet en ek fia DAB+.
Kategory:Nederlânske telefyzjestjoerder Kategory:Nederlânske radiostjoerder Kategory:Kultuer yn Seelân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1988