Karl-Heinz Rosch (Meißen, 3 oktober 1926 - Goirle, 6 oktober 1944) wie in Dútske Wehrmacht-soldaat dy't op 6 oktober 1944 it libben fan twa Nederlânske bern rêde.

Biografy Rosch wie in net-winske bern. Doe't syn beide âlden op'e nij trouden, brocht er de rest fan jonkheid troch by syn pake en beppe yn Nerchau. Hy wie bot ynteressearre yn de natuer en woe letter graach boskwachter wurde.

Rosch wie tegearre mei syn peloton legere yn in pleats yn Goirle doe't alliearde troepen it fjoer op harren iepenen. Rosch murk dat de twa bern (Jan fan fjouwer en Toos Kilsdonk fan fiif jier) fan'e boer dy't it lân hie har net bewust liken te wêzen fan it gefaar om har hinne en op'e binnenpleats omboarten. Hy draafde nei se ta, naam se allebeide yn'e earms en brocht se yn'e kelder yn feilichheid. Hy fleach wer nei bûten om him oan de oare kant fan de binnenpleats te posisjonearjen doe't in granaat him rekke krekt op it plak dêr't de bern earder wiene. Rosch wie fuortendaliks dea. It útinoarskuord lichem fan Rosch waard begroeven by de pleats dêr't er ynkwartiere wie. Yn 1948 waard Rosch op'e nij begroeven op it Dútske militêre begraafplak yn Ysselsteyn.

Erkenning Omdat it stânbyld Karl-Heinz Rosch ôfbyldt yn Wehrmacht-unifoarm mei in Stahlhelm, wie de oprjochting fan it stânbyld tige kontroversjeel yn Nederlân en waarden noch publike fûnsen noch in iepenbier stik grûn beskikber steld. It stânbyld kaam yn 2008 yn de tún fan de buorman fan de boerehúshâlding dêr't Rosch destiids ynkwartiere wie te stean en is fan de strjitkant ôf goed te sjen. Op in op'e sokkel oanbrochte plakette is folgjende ynskripsje te lêzen: Dit beeld is een eerbetoon aan hem en allen die het goede doen in kwade tijden.

Neist it monumint foar Friedrich Lengfeld (op it earebegraafplak Hürtgen) is it stânbyld it iennige bekende monumint yn Dútslân foar in Dútske Wehrmachtsoldaat dat oprjochte waard troch in eardere fijân.

Kategory:Dútsk soldaat Kategory:Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Persoan berne yn 1922 Kategory:Persoan stoarn yn 1944