De readbúkfruchtdo of readbúkjufferdo (Ptilinopus greyi) is fûgelsoarte út de famylje dowen (Columbidae).

Beskriuwing De readbúkfruchtdo is in lyts fruchdoke fan 20 oant 23 sm lang. De fûgel is meast grienkleurich mei in opfallende readpoarperen kroan dy't mei giele wat fearkes ôfgrinzge is, in giel kin, in giele eachring en in readpoarperen plak op 'e búk. Syn griene kleuren jouwe de fûgel in goede kamûflaazje yn it tropyske wâld. Yn 'e flecht is de giele râne oan 'e sturt goed te sjen. Mantsjes en wyfkes lykje in soad opinoar; it wyfke hat ornaris in wat lytsere búkplak. Jonge eksimplaren hawwe gjin reade kroan of búkplak en kinne betize wurde mei de Fanûatûfruchtdo, in soarte dy't der tige op liket.

Fersprieding De soarte komt foar fan 'e Salomonseilannen oant Nij-Kaledoanje. De fûgel wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net ferdield is yn ien of mear ûndersoarten.

Hâlden en dragen Readbúkfruchtdowen wurde faak yn pearkes sjoen, mar kinne by fruchtbeammen gruttere kloften foarmje.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Oannomen wurdt dat de oantallen fan 'e fûgel ôfnimme, mar net sa bot dat er as bedrige beskôge wurdt. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige (LC).

Namme De wittenskiplike namme is ferneamd nei George Grey, in Britske steatsman en promininte koloniale politikus. Hy wie gûverneur fan Nij-Seelân, de Kaapkoloanje en Súd-Austraalje en letter premier fan Nij-Seelân.

Kategory:Fruchtdo Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Fanûatû