De karakal (wittenskiplike namme: Caracal caracal) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e karakals (Caracal). Omreden fan syn relatyf behindige grutte en de toefkes oan 'e punten fan syn earen wurdt dit bist soms ek wol de Afrikaanske lynks, Perzyske lynks of woastynlynks neamd, hoewol't it net nau oan 'e echte lynksen besibbe is. De karakal komt foar yn Afrika en it Midden-Easten oant yn dielen fan Sintraal- en Súd-Aazje. It is in minskeskou nachtdier, dat in ferburgen bestean liedt en him mar dreech waarnimme lit. Karakals binne territoriaal en libje solitêr. It binne karnivoaren dy't benammen kjifdieren en oare lytse sûchdieren frette. De IUCN klassifisearret de karakal as net bedrige.
Etymology De wittenskiplike namme caracal, dêr't de gebrûksnamme "karakal" fan ôflaat is, waard yn 1761 foar dit bist foarsteld troch de Frânske soölooch Georges-Louis Leclerc, greve fan Buffon. Hy basearre it wurd op 'e namme fan dit bist yn it Turksk, karakulak, dat "swartear" betsjut (fan kara, "swart", en kulak, "ear").
De "lynks" dêr't yn Aldgrykske en Romeinske Latynske teksten nei ferwiisd wurdt, wie nei alle gedachten yn 'e measte gefallen de karakal, en net de Jeraziatyske lynks (Lynx lynx). De reden foar de betizing is dat de karakal fan likernôch deselde lichemsgrutte is as de lynks, mei, krekt as de lynks, opfallende opsteande hiertoefkes oan 'e earpunten en in koarte sturt. De karakal is lykwols minder robúst fan stal en hat lytsere poaten. Nettsjinsteande de oerflakkige likenis binne de karakal en de fjouwer ûnderskate soarten lynksen (Lynx) net bysûnder nau oaninoar besibbe. Dochs wurdt de karakal ek tsjintwurdich noch wol de Afrikaanske lynks, Perzyske lynks of woastynlynks neamd.
Taksonomy De karakal waard foar it earst yn 1776 wittenskiplik beskreaun troch de Dútske soölooch Johann Christian Daniel von Schreber, op basis fan in pels fan in karakal dy't sketten wie by Kaap de Goede Hoop yn 'e doetiidske Kaapkoloanje fan 'e Feriene Eastyndyske Kompanjy. De oarspronklike wittenskiplike namme fan it bist wie Felis caracal, mei't Felis, in skaai dat tsjintwurdich brûkt wurdt foar de wylde katten, doe in soarte fan sammelbak foar alle katefigen wie. De Ingelske soölooch John Edward Gray yntrodusearre yn 1843 it skaai fan 'e karakals (Caracal), mei de karakal as typesoarte. It bist krige doe syn hjoeddeistige wittenskiplike namme Caracal caracal.
Mear as oardel iuw lang wie it skaai fan 'e karakals monotypysk, mar nij ûndersyk nei de ûnderlinge relaasjes fan 'e lytse katten wiisde yn 2006 út dat de karakal nau besibbe is twa oare kateftigen, de Afrikaanske goudkat (Caracal aurata) en de serval (Leptailurus serval). De trije soarten foarmje mei-inoar in genetysk komôf, dat him 7,9–4,1 miljoen jier lyn losmakke fan 'e oare kateftigen. Yn 2017 waard op basis fan dy nije ynformaasje besletten dat de Afrikaanske goudkat oerpleatst wurde moast út syn eigen monotypysk skaai fan 'e Afrikaanske goudkatten (Profelis) nei it skaai fan 'e karakals. De wat minder nau besibbe serval behold wol syn eigen monotypysk skaai.
Fersprieding De karakal komt foar yn grutte parten fan Afrika en West-Aazje. Op it Afrikaanske kontinint beslacht it ferspriedingsgebiet Súdlik Afrika, East-Afrika, de Hoarn fan Afrika, de Sahelsône oan 'e westkust fan West-Afrika ta, mei dêropta yn Noard-Afrika: eastlik Egypte, it Atlasberchtme yn Marokko en de kustgebieten fan noardwestlik Egypte, de Syrenaika, Tripolitaanje, noardwestlik Tuneezje en Algerije. Eins ûntbrekt de karakal yn Afrika inkeld yn it Kongoreinwâld fan Sintraal-Afrika, yn it súdlike part fan West-Afrika en yn 'e Sahara, hoewol't der yn dat lêste gebiet in isolearre populaasje bestiet yn it Ahaggarmassyf fan súdlik Algerije. Besuden de Sahara komme karakals noch foar by 't folop, mar yn Noard-Afrika wurdt dit bist as seldsum beskôge.
Yn Aazje libje karakals yn 'e Fruchtbere Healmoanne fan 'e Levant en Mesopotaamje, it suden fan Lyts-Aazje, by de alle kusten fan it Arabysk Skiereilân lâns (mar net yn it binnenlân), en fierders yn Iraan, it súdwesten fan Sintraal-Aazje (Turkmenistan, súdwestlik Kazachstan en westlik Oezbekistan), de eastlike helte fan Afganistan en it westen fan Súd-Aazje (súdlik Pakistan en westlik Yndia).
Uterlike skaaimerken De karakal is in middelgrutte kateftige. Seksuele dimorfy uteret him yn dizze soarte inkeld yn it feit dat mantsjes in bytsje grutter en swierder binne as wyfkes. Mantsjes hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 78–108 sm, mei in sturtlingte fan 21–34 sm, in skofthichte fan 40–50 sm en in gewicht fan 7,2–19 kg. Wyfkes hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 71–103 sm, in sturtlingte fan 18–31,5 sm en in gewicht fan 7–15,9 kg. De sturt is opfallend koart, en komt mar oan 'e hakken ta (de hakken sitte by kateftigen healwei de efterskonken). Karakals hawwe fjouwer teannen oan 'e efterpoaten en fiif oan 'e foarpoaten. De klauwen binne ynlûkber en (dêrtroch) fjoerskerp.
De pels is brún op 'e kop, nekke, rêch, siden, de bûtenkant fan 'e poaten en de boppekant fan 'e sturt, mar krêmkleurich oant wyt op 'e snút, de kiel, it boarst, de bealch, de binnenkant fan 'e poaten en de ûnderkant fan 'e sturt. De snorhierren binne wyt mar groeie út swarte spikkels oan 'e sydkant fan 'e snút. De noas en de earen binne swart, en midden oer de kop trint in tinne swarte streek. Oan wjerskanten dêrfan sitte twa bredere, mar dizenigere en koartere swarte streken boppe de eagen. Ek rinne der swarte streken by de sydkant fan 'e snút lâns fan 'e eachhoeken nei de noas.
Ien fan 'e meast opfallende lichemsskaaimerken 'e karakal wurdt foarme troch de 41/2 sm lange toefen hier op 'e earpunten. By jongere bisten steane dy rjochtop, mar neigeraden dat in yndividu op jierren rekket, kinne se begjinne ôf te hingjen. De eartoefen binne foar in grut part de reden dat de karakal wol betize wurdt mei de Jeraziatyske lynks (Lynx lynx), dy't fan ferlykbere grutte is. Ferskillen tusken dy beide kateftigen binne de spikkelbûnte pels en de robústere lichemsbou fan 'e lynks, en teffens de oergrutte poaten fan 'e lynks, dy't bedoeld binne om oer in snietek rinne te kinnen sûnder deryn wei te sakjen. De Afrikaanske goudkat (Caracal aurata), dy't folle nauwer oan 'e karakal besibbe is, kin fan 'e karakal ûnderskaat wurde trochdat er folle dûnkerder is, spikkels hat en de eartoefen mist. In oare neie sibbe, de serval (Leptailurus serval), is lytser en ljochter mei spikkels en mist ek de eartoefen.
Biotoop Karakals bewenje wâlden, savannes, steppes, sompich leechlân en healwoastinen. Se jouwe de foarkar oan drûge gebieten mei net al tefolle rein, mar dochs genôch fegetaasje om beskutting te bieden. Yn berchtmen, lykas yn it Etiopysk Heechlân, komme se foar oant op in hichte fan 3.000 m.
Hâlden en dragen De karakal is in nachtdier, hoewol't er soms ek oerdeis aktyf is. Dizze kateftige is lykwols sa minskeskou en dreech waarnimber dat er by deiljocht mar komselden opmurken wurdt. Ut in ûndersyk dat ferrjochte waard yn Súd-Afrika, die bliken dat karakals dêre it aktyfst binne as de temperatuer ûnder de 20 °C sakket. Karakals libje oer it algemien in solitêr bestean, mar yn 'e peartiid bliuwe in mantsje en in wyfke langere tiid byinoar. De iennichste groepen fan mear as twa karakals dy't ea waarnommen binne, wiene memmen mei harren jongen.
Karakals hawwe troch harren krêftige efterpoaten it fermogen en spring mear as 3 m rjocht omheech yn 'e loft. Dêrmei kinne ze opfleanende fûgels op 'e wjuk gripe. It lichem fan 'e karakal is sa fleksibel dat er sels mei alle fjouwer poaten los fan 'e grûn noch fan rjochting feroarje kin. Dit bist is ek in goede klimmer. De gebrûklike jachtmetoade fan 'e karakal is om syn proai te beslûpen oant op in ôfstân fan sa'n 5 m, om dan ynienen op te springen en op 'e argeleaze proai ôf te stoarmjen. As er op gruttere ôfstân al opmurken wurdt, brekt er de jacht ôf. Karakals deadzje lytsere proaien mei in byt yn 'e efterholle, wylst gruttere proaien smoard wurde troch de luchtpiip ôf te sluten mei in byt yn 'e kiel.
Karakals fêstigje territoaria dy't se ôfsette mei rookflaggen fan urine op rotsen en planten, en teffens troch dong efter te litten sûnder it te bedobjen. Ek klauwe se om yn 'e grûn en yn it hout fan beammen. By in ûndersyk dat dien waard yn Israel, waard fêststeld dat mantsjes dêre in territoarium fan yn trochsneed 220 km² hawwe, wylst dat fan wyfkes trochinoar 57 km² mjit. Yn Saûdy-Araabje hawwe mantsjes in territoarium mei in oerflak fan 270–1.116 km². Yn it Nasjonaal Park Mount Zebra yn Súd-Afrika mjitte de territoaria fan wyfkes mar 4,0–6,5 km². Territoaria fan sawol mantsjes as wyfkes oerlaapje inoar yn sterke mjitte.
Underling kommunisearje karakals mei fokalisearrings dy't besteane út miaukjen, blazen, grânzgjen en spinnen. Der is ek waarnommen hoe't se lieken te kommunisearjen troch de kop te skodzjen, sadat de toefen oan 'e earen hinne en wer beweegden.
Karakals hawwe gjin fêste peartiid, mar kinne har ynstee it hiele jier troch fuortplantsje. De wyfkes binne om 'e 2 wiken 1–3 dagen efterinoar maartsk. Om dat buorkundich te meitsjen en mantsjes oan te lûken, sette se yn dy perioade mear rookflaggen ôf as normaal. Nei de pearing hat it mantsje fierders neat mear mei fuortplanting út te stean. De draachtiid duorret 62–81 dagen, wêrnei't it wyfke in nêst fan 1–6 mar ornaris 2–3 jongen smyt. Dat docht se op in beskut plak tusken opgeande fegetaasje of yn in ferlitten hoale dy't groeven is troch in ierdbaarch (Orycteropus afer), in gewoane kjifstikelbaarch (Hystrix cristata), in Kaapske kjifstikelbaarch (Hystrix africaeaustralis) of in wytsturtkjifstikelbaarch (Hystrix indica).
De jongen komme helpeleas te wrâld, mei de eachjes en earkes ticht en de klauwen ûnynlûkber, mar al wol oerdutsen mei in eigen pels. Mei 10 dagen geane de eachjes iepen, al duorret it dan noch in skoftke langer ear't it gesichtsfermogen goed funksjonearret. Mei 3–4 wiken geane earen iepen en kinne de klauwen ynlutsen wurde. De jongen begjinne dan harren berteplak te ferkennen en mei 5–6 wiken sette se útein mei-inoar te boartsjen. Om dyselde tiid hinne krije se foar it earst fêst iten en begjint it ôfwenningsproses. As se likernôch 4 moannen âld binne, kinne jonge karakals foar it earst sels in proai deadzje. Mei 10 moannen geane se by de mem wei om in eigen territoarium te sykjen. Karakals binne geslachtsryp mei 1 jier en hawwe in libbensferwachting fan krapoan 16 jier.
Fretten De karakal is in karnivoar dy't benammen sûchdieren fret. Dy meitsje sa'n 80% fan syn dieet út. It giet dan yn it foarste plak om kjifdieren, lykas de strûkpoelrôt (Myotomys unisulcatus), mar ek om oare lytsere sûchdieren: hazze-eftigen lykas de Kaapske hazze (Lepus capensis), klipdassen lykas de rotsklipdas (Procavia capensis) en lytsere apen, lykas echte markatten (Cercopithecus), griene markatten (Chlorocebus) en franje-apen (Colobini). Karakals bejeie ek antilopen, lykas de ympala (Aepyceros melampus), lytse kûdû (Tragelaphus imberbis), grutte kûdû (Tragelaphus strepsiceros), gearenûk (Litocranius walleri), springbok (Antidorcas marsupialis), Kaapske griisbok (Raphicerus melanotis), noardlike griisbok (Raphicerus sharpei), ymbabala (Tragelaphus sylvaticus), berchreidbok (Redunca fulvorufula), berchgazelle (Gazella gazella), dorkasgazelle (Gazella dorcas) en gewoane dûker (Sylvicapra grimmia).