Paus Gregoarius XIII, bêrne as Ugo Boncompagni (Bologna, 7 jannewaris 1502 - Rome, 10 april 1585) wie de 226ste paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Syn pontifikaat duorre fan 13 maaie 1572 oant 10 April 1585.
Libbensrin Ugo Boncompagni studearre kanonyk en sivyl rjocht oan de Universiteit fan Bologna en waard dêr dêrnei dosint. Yn 1539 gie er nei Rome en waard er troch paus Paulus III beneamd ta rjochter en krige dêrneist in pear oare funksjes. Seis jier letter waard er as jurist ôffurdige nei it Konsylje fan Trente. Nei syn weromkommen ferfolle er ferskate posten yn 'e kuery ûnder paus Julius III. Yn 1558 waard er beneamd ta biskop fan Vieste en waard er wijd ta preester. In jier letter stjoerde Pius IV him as syn ôffurdige nei it Konsylje fan Trente. Dêr bleau er ta de ôfrûning fan it konsily yn 1563.
Nei syn weromkommen yn Rome waard er yn 1564 beneamd ta kardinaal mei as titeltsjerke de basilyk San Sisto. Yn itselde jier waard er nei Spanje stjoerd om ûndersyk te dwaan nei de aartsbiskop fan Toledo. Dizze wie troch de ynkwisysje finzennommen op beskuldiging fan ketterij. Nei de dea fan paus Pius V waard Ugo Boncompagni keazen ta paus en naam er de namme Gregoarius XIII oan.
Op 5 oktober 1582 liet er, mei de bul "Inter gravissimas", de gregoriaanske kalinder ynfiere, de kalinder dy't wy hjoed noch brûke. Hy liet ek de toer fan de fatikaanske stjerrewacht bouwe.
Bonkompanny wie de heit fan Giacomo Boncompagni (1548-1612), dy't er yn 1572 erkende en dy't de stamheit waard fan it prinslik geslacht Boncompagni-Ludovisi.
Kategory:Paus Kategory:Italjaansk biskop Kategory:Italjaansk kardinaal Kategory:Emyljaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1502 Kategory:Persoan stoarn yn 1585