De Sint-Willibrordustsjerke is in roomsk tsjerkegebou yn Alphen yn 'e provinsje Noard-Brabân.

Skiednis De bou fan 'e toer en it koer sette om 1500 hinne útein. Yn 1542 moast de bou stillein wurde fanwegen de ynvaazje fan 'e Geldersken ûnder lieding fan Maarten fan Rossum. De toer waard nei alle gedachten yn 1559 foltôge en fertsjintwurdiget de lêste faze fan 'e Kempyske gotyk. thumb|left|De neogoatyske Willibrordtsjerke. De tsjerke waard yn 1648 troch de protestanten oernommen, mar yn 1820 folge de weromjefte oan 'e katoliken. Om't it gebou yn ferfal rekke wie, folge in restauraasje, mar yn 1909 waard de tsjerke dochs ôfbrutsen. Allinnich de toer bleau steant. De tsjerke waard ferfongen troch in nije neogoatyske tsjerke neffens in ûntwerp fan Joseph Cuypers en Jan Stuyt. De ynwijing wie yn 1910.

Op 7 oktober 1944 stoarte by alliearde besjittings de spits fan 'e tsjerketoer yn op it skip fan 'e tsjerke. De slim skansearre tsjerke waard yn 1955 ferfongen troch in trijeskippige krústsjerke yn tradisjonalistyske styl, ûntwurpen troch de arsjitekt Hendrik Willem Valk. Yn 1966 waard de toer yn 'e orizjinele styl rekonstruearre.

Ynrjochting Fan 'e oarspronklike tsjerke bleaune it heechalter, de oan Marije en Joazef opdroegen syddalters, in grutte hingjende krusifiks, in doopfont en de kommunybanken bewarre. De brânskildere ramen yn it sydskip litte de tuorren fan 14 omlizzende tsjerken sjen.

Beskriuwing De trijelidde toer is in ryksmonumint en hat in ynsnuorre spits. Typysk foar de Kempyske gotyk binne de heakske steunbearen fan 'e toer.

Keppeling om utens Orgelsite: dispysje oargel

Kategory:Alphen-Chaam Kategory:Tsjerkegebou yn Noard-Brabân Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou Kategory:Bouwurk út de 16e iuw Kategory:Bouwurk út 1955 Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Breda Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Brabân