Oirschot is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân mei () ynwenners op in oerflak fan 102,84 km² (wêrfan 1,05 km² wetter).
De gemeente Oirschot waard yn har moderne foarm yn 1810 oprjochte, yn 'e tiid fan 'e Frânske besetting fan Nederlân. Doe waarden in soad gemeenten formeel organisearre en registrearre neffens Frânske bestjoerlike modellen. Foar dy tiid bestie Oirschot al as in doarp mei in wichtige posysje yn 'e regio. It doarp sels hat in âlde skiednis, dy't weromgiet oant de midsiuwen en wurdt foar it earst yn skriftlike boarnen yn 'e 8e iuw neamd.
Plakken De gemeente Oirschot bestiet út de doarpen:
Oirschot Spoordonk Middelbeers Oostelbeers
Westelbeers is in buorskip.
Skiednis Oirschot en omkriten hawwe in lange skiednis. It gebiet om Oirschot hinne wie al yn prehistoaryske tiden bewenne. Alde grêven út dy tiid yn 'e bosken by Westelbeers en spoaren fan delsettings út 'e stientiid yn itselde gebiet en ek op 'e Oirschotse Heide binne dêr oantinkens oan. Der wurdt fan útgien dat de earste foargonger fan 'e Marijetsjerke oan it Vrijthof yn Oirschot út 'e 5e iuw nei Kristus datearret. Dat wie ek de basis foar de fiering (yn 1980) fan it 1500-jierrich bestean fan it doarp. De earste skriftlike dokuminten oer de bestjoerlike skiednis datearje út it begjin fan 'e 14e iuw. De grinzen fan 'e âlde gemeente Oirschot rinne sawat lyk mei de grinzen fan 'e gemeijnten, it ûnlân dat yn 'e earste helte fan 'e 14e iuw troch de hartoggen fan Brabân ferkocht waard oan 'e ynwenners fan Oirschot (dêr't ek de ynwenners fan Best by hearden). De bewenners krigen dêrmei it rjocht om dat lân mienskiplik te brûken. Yn 1819 waard Best ôfskaat fan Oirschot en sûnt is Best in aparte gemeente.
Yn 1334 mochten de ynwenners fan Oost- en Middelbeers tsjin betelling mienskiplik lân fan hartoch Jan III de Beerse brûke. Dat wie it gebiet tusken Oerle, Oirschot, Oisterwyk en Hilvarenbeek. Utsein wat grinskorreksjes en de tafoeging fan Westelbeers yn 1803, binne de grinzen sa't se doe wienen altyd yntakt bleaun.
Yn 1997 waarden de âlde gemeenten Oirschot en Oost-, West- en Middelbeers gearfoege ta de nije gemeente Oirschot.
It besjen wurdich (kar-út) Yn 'e gemeente binne mear as 300 monuminten en der binne twa beskerme doarpsgesichten.
thumb|left|Sint-Piterbasilyk. De roomske Sint-Piterbasilyk is in grutte goatyske krúsfoarmige tsjerke út 'e 15e en 16e iuw. De 60 m hege stompe toer is in hichtepunt fan 'e Kempyske gotyk. It Alde Stedhûs oan 'e Oirschotse merk datearret fan 1513. De Marijetsjerke is in protestantske tsjerkje, dat ek wol bekend stiet as it 'bûtertsjerkje' om't dêr de bûter weage waard. It is in 12e-iuwsk romaansk sealtsjerkje út 1100, mar der binne guon dy't it tsjerkje noch âlder datearje. thumb|260px|Kleaster Nazareth. It eardere Nazarethkleaster mei kleastertsjerke yn neoromaanske styl út 1910 is in kompleks neffens it ûntwerp fan 'e arsjitekten Joseph Cuypers en Jan Stuyt. De eardere Brouwerij De Kroon út 1773 wie oant 1996 ien fan 'e âldste famyljebedriuwen fan Nederlân. De Hof fan Solms oan 'e Koestraat is in stedspaleiske út 1663, dat foar de dokter Arnold Fey gebouwd waard om't dy Amalia fan Solms it libben rêde. De Grutte Stoel op in lyts plein oan 'e Gasthuisstraat ferwiist nei de ea sa bloeiende meubelyndustry fan Oirschot. Hûs Groenberg oan 'e Molenstraat is in hûs dat yn 1613 troch de skout boud waard en letter tsjinne as kanunnikehûs. De kapel fan 'e Hillige Iik is in stiennen kapel út 1606, dy't in âldere houten kapel ferfong. De Alde Toer fan Oostelbeers is in midsiuwske toer tusken beammen op it plattelân in ein bûten it doarp.
Musea Museum De Vier Quartieren Museum Kruysenhuis Museumbrouwerij Oirschots Bier
Natoer thumb|260px|De Beerze. De Mortelen is in lytsskalich kultuerlânskip mei bosk, houtwâlen, greiden en wetterstreamkes. It gebiet is eigendom fan it Brabânsk Gea en makket diel út fan It Griene Wâld.
De Scheeken is in gebiet fan it Brabânsk Gea dat tegearre mei De Mortelen ûnderdiel fan it gruttere Griene Wâld foarmet. It gebiet is ryk oan fûgels en flinters en biedt in autentyk Brabânsk lânskip.Brabânsk Gea, oproppen 30 maaie 2025.
De Kampina is in útwrydsk gebiet fan drûge en wiete heide, bosk, beken en dobben. It is ien fan 'e meast weardefolle heidegebieten fan Nederlân en biedt plak oan in ferskaat oan floara en fauna.Natuermonuminten, oproppen 30 maaie 2025.
De Oirschotske Heide is in grut heide- en sângebiet, dat ek as militêr oefenterrein yn gebrûk is. It is lykwols ek tangonklik foar publyk.Oirschotske Heide, oproppen 30 maaie 2025.
De Beekdelling fan 'e Beerze is in jong natuergebiet, dat ryk is oan ynsekten, fûgels en amfibyën. In begjin fan in lange kuier kin makke wurde by de kapel fan Us-Leaffrou fan 'e Hillige Iik of de Spoordonkske wettermûne.Visit Branbant, oproppen 30 maaie 2025.
De Landschotske Heide bestiet út heide, bosk en dobben en stiet bekend om de grutte biodiversiteit.Natuurbeleven, oproppen 30 maaie 2025
It Lângoed Baest is likernôch 500 ha grut en bestiet út bosk, greide en wetter. It lângoed 's Heerenvijvers is sûnt 2003 troch in ekologyske ferbiningssône mei it lângoed Baest ferbûn.
Kategory:Gemeente yn Noard-Brabân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1810