De shawspjocht of Shaws spjocht (wittenskiplike namme: Melanerpes shawi) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e spjochteftigen (Piciformes), de famylje fan 'e spjochten (Picidae) en it skaai fan 'e swarte beamkrûpspjochten (Melanerpes). Dit bist kaam yn it Pleistoseen foar yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Fossilen fan 'e shawspjocht binne weromfûn yn 'e Tarreputten fan La Brea yn Los Angeles. It hoe en wêrom fan it útstjerren fan 'e shawspjocht is noch ûnbekend, mar it ferdwinen fan dizze fûgel makke diel út fan 'e Let-Pleistosene massa-ekstinksje.
Taksonomy De shawspjocht waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 2021 troch de paleöntologen K.E. Campbell en Z.M. Bochenski. Hja wurken op basis fan in holotype (earst fûne fossyl) dat opdobbe wie út 'e Tarreputten fan La Brea yn Los Angeles, en dat bestie út in komplete tarsometatarsus (in bonke dy't inkeld yn 'e ûnderskonk fan fûgels en guon dinosauriërs foarkomt). Neitiid waarden noch teminsten santjin oare fossile dielen fan dizze fûgel op deselde lokaasje oantroffen, dy't nei alle gedachten fjouwer ûnderskate eksimplaren fertsjintwurdigje. De Tarreputten fan La Brea binne anno 2025 it iennichste plak yn 'e wrâld dêr't fossilen fan 'e shawspjocht fûn binne.
De wittenskiplike namme Melanerpes shawi, dy't Campbell en Bochenski oan 'e nije soarte taparten, is in ferneaming fan Christopher Shaw, dy't ferskate desennia lang as frijwilliger by de Tarreputten fan La Brea wurke en úteinlik opklom ta kolleksjemanager.
Beskriuwing De shawspjocht wie fan gelikense grutte as de lewisspjocht (Melanerpes lewis), in neie sibbe dy't tsjintwurdich noch libbet. (De lewisspjocht hat trochinoar in totale lichemslingte fan 26–28 sm, mei in gewicht fan 88–139 g en in wjukspanne fan 49–52 sm.) Mar de shawspjocht wie justjes langer en wat ranker boud as de lewisspjocht, mei ferskate lytse ferskillen fan it skelet.
Paleobiology De Shawspjocht is ien fan seis ûnderskate soarten spjochten wêrfan't fossilen yn 'e Tarreputten fan La Brea oantroffen binne. De faakst foarkommende spjocht wie dêre de gouden grûnspjocht (Colaptes auratus), in noch libbene soarte; mooglik dat dy faker yn 'e tarre fêst kaam te sitten trochdat er mear op 'e grûn foerazjearret as oare spjochten. Twa oare fossile spjochten waarden ek weromfûn: de garrettspjocht of Garretts spjocht (Breacopus garretti), de grutste fan 'e seis, en de lytse tarrespjocht (Bitumenpicus minimus), de lytste fan 'e seis. Fierders wurdt it skaai fan 'e swarte beamkrûpspjochten (Melanerpes) yn 'e Tarreputten fan La Brea behalven troch de shawspjocht ek fertsjintwurdige troch in libbene soarte: de lewisspjocht of Lewis' spjocht (Melanerpes lewis). De lêste spjocht yn 'e tarreputten is de (libbene) readboarstsopspjocht (Sphyrapicus ruber).
Mei-inoar jouwe de neamde seis soarten spjochten in idee hoe't de krite om 'e Tarreputten fan La Brea hinne der yn it Pleistoseen útsjoen hawwe moat. De garrettspjocht hie omreden fan syn grutte ferlet fan hege beammen om yn te nêsteljen, wylst sawol de readboarstsopspjocht as de Lewisspjocht tsjintwurdich bewenners fan savanne-eftich iepen gebiet mei lytse kloften beammen binne, it leafst mingd wâld besteande út iken, espen en ferskate soarten konifearen. Gouden grûnspjochten jouwe ek de foarkar oan iepen gebiet, mei't se har kostje oer de grûn byinoar skarrelje.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Swarte beamkrûpspjocht Kategory:Bist útstoarn yn it Pleistoseen Kategory:Fossile fûgel Kategory:Fossyl yn de Feriene Steaten