Oosterhout is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân mei () ynwenners op in oerflak fan 73,09 km² (wêrfan 1,62 km² wetter). It haadplak is de stêd Oosterhout.
Skiednis De gemeente Oosterhout waard yn 'e moderne foarm oprjochte yn it jier 1803, yn de tiid fan de Bataafske Republyk, doe’t de âlde feodale strukturen feroare waarden yn mear sintralisearre bestjoerlike ienheden. As plak hat Oosterhout lykwols in folle âldere skiednis.
Oosterhout makket diel út fan 'e Barony fan Breda en foarmet de noardlike grins dêrfan. De grinzen fan 'e gemeente Oosterhout binne yn 'e rin fan 'e tiid praktysk net feroare. Op 1 oktober 1964 waarden de doarpen Stuivezand en Hoogerheide, dy't tichteby Made lizze, tafoege oan de doetiidske gemeente Made en Drimmelen.
Plakken Njonken de stêd Oosterhout falle ek de doarpen en buorskippen Den Hout, Dorst, Eind van den Hout, Groenendijk, Heikant, Heistraat, Hespelaar, Oosteind, Seters, Steenoven, Ter Aalst, Vijfhuizen en Vrachelen ûnder de gemeente.
It besjen wurdich thumb|left|Sint-Jânsbasilyk. De Sint-Jânsbasilyk is in neogoatysk tsjerkegebou yn it sintrum fan Oosterhout.
Oan 'e râne fan it sintrum fan Oosterhout lizze yn in parkeftich gebiet fjouwer lytse slotsjes: Limburg, Brakestein, Beveren en Paterserf.
De Sint-Paulusabdij wie eartiids in benediktynske abdij, mar is hjoed-de-dei in kleaster fan 'e mienskip Chemin Neuf.Side Chemin Neuf, oproppen 30 maaie 2025.
De Hillige Trijehoeke is in gebiet dêr't trije kleasters tichte byinoar lizze: it Sint-Catharinadal fan 'e Norbertinessen, de âldste noch besteande nonnekleastermienskip fan Nederlân, de earder neamde Sint-Paulusabdij en de Us-Leaffrouweabdij.
Museum Museum Oud-Oosterhout
Natoer De Vrachelse Heide is in grut bosk- en heidegebiet súdwestlik fan Oosterhout. It wie oarspronklik hielendal heide, mar yn 'e 19e iuw is it foar in part beplante mei dinnebeammen. It is eigendom fan Definsje.
Boskwachterij Dorst is in 1.117 ha grut boskgebiet tusken Rijen, Oosterhout, Teteringen en Dorst. It is eigendom fan Steatsboskbehear en is ûnderdiel fan it natuergebiet Barony fan Breda.
De Duiventoren is in natuergebiet súdeastlik fan Oosterhout. It terrein is fan Steatsboskbeheer. It waard yn it ferline brûkt troch it leger en dêrfandinne wurdt it ek Cadettenkamp neamd. De Duiventoren slút oan op de Boskwachterij Dorst.
Súd fan Oosterhout leit de Oosterheide, in 106 ha grut gebiet fan 'e feriening Natuermonuminten.
Kategory:Gemeente yn Noard-Brabân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1803