Bergeijk (Brabânsk: Bérgààjk; oant 25 septimber 1998 offisjeel Bergeyk) is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân mei ynwenners. De gemeente Bergeijk makket diel út fan 'e Metroalregio Eindhoven.
Yn 1997 ûntstie de gemeente troch gearfoeging fan 'e eardere gemeenten Bergeyk, Luyksgestel, Riethoven en Westerhoven. De gemeente Bergeijk is in tige griene gemeente mei in soad bosk en natoer.
Gegorafy De gemeente is ryk oan grien en ûnderdiel fan 'e Kempen. Bergeijk heart by de Nederlânske Kempen. Flakby de gemeentegrins leit De Malpie, in heide- en boskgebiet yn 'e buert fan Valkenswaard. De Keersop is in beek, dy't troch in ryk natuerlik dellinggebiet streamt. De Plateaux by Borkel en Schaft foarmet in gehiel mei it Belgyske natoergebiet Hageven. It bestiet út heide en fean en it is in wichtich fûgelgebiet.. De Borkelse Heide is in lyts mar belangryk heide- en boskgebiet.
Plakken Bergeijk Boscheind Braambosch Hof 't Loo Loveren Luyksgestel Riethoven Rijt Sengelsbroek Walik Weebosch Westerhoven
Kategory:Gemeente yn Noard-Brabân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1997