De Gilaspjocht (wittenskiplike namme: Melanerpes uropygialis) is in fûgel út it skift fan 'e spjochteftigen (Piciformes), de famylje fan 'e spjochten (Picidae) en it skaai fan 'e swarte beamkrûpspjochten (Melanerpes). Dit bist is lânseigen yn it súdwesten fan 'e Feriene Steaten en it noardwesten fan Meksiko, dêr't it as stânfûgel foarkomt yn in woastynbiotoop. De Gilaspjocht, dy't ferneamd is nei de rivier de Gila, is in omnivoar dy't nêstelet yn eigenmakke hoalen yn kaktussen. De IUCN klassifisearret de dizze fûgel as net bedrige.
Taksonomy De Gilaspjocht waard foar it earst yn 1854 wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch Spencer Fullerton Baird. De oarspronklike wittenskiplike namme fan 'e fûgel wie Centurus uropygialis. It wie de Ingelske ornitolooch William John Swainson dy't yn 1832 it skaai fan 'e swarte beamkrûpspjochten (Melanerpes) yntrodusearre foar de besibbe readkopspjocht (Melanerpes erythrocephalus). Pas letter waard ek de Gilaspjocht yn dat skaai pleatst.
Fersprieding Yn 'e Feriene Steaten libbet de Gilaspjocht yn it Amerikaanske Súdwesten, mear sekuer yn 'e súdlike helte fan 'e Amerikaanske steat Arizona en grinsgebieten fan omlizzende steaten: it súdeasten fan Kalifornje en Nevada en it súdwesten fan Nij-Meksiko. Yn Meksiko beslacht it ferspriedingsgebiet fan dizze fûgel hast it hiele Kalifornysk Skiereilân, útsein it uterste noardwesten. Fierders rint it op it Meksikaanske fêstelân tusken kust fan 'e Golf fan Kalifornje yn it westen en de bergen fan 'e Westlike Sierra Madre yn it easten lâns nei it suden ta oant yn it binnenlân fan sintraal Meksiko. It ferspriedingsgebiet omfettet de hiele Sonoarawoastyn mei noch wat oanbuorjende woastinige kriten deropta.
Uterlike skaaimerken De Gilaspjocht hat trochinoar in totale lichemslingte fan 20–25 sm, mei in spanwiidte fan likernôch 45 sm en in gewicht fan 65–70 g.
It fearrekleed is op 'e rêch en de boppekant fan 'e wjukken regelmjittich en horizontaal swart-wyt streke yn in soarte fan sebrapatroan. De nekke, de kop, de kiel, it boarst en de boppeste helte fan 'e bealch binne bêzje of ljochtbrún, in kleur dy't op 'e ûnderste helte fan 'e bealch taljochtet ta giel. De middelste fearren fan 'e sturt sette it sebrapatroan fan 'e rêch fuort, mar de bûtenste sturtfearren binne effen swart. Op 'e ûnderkant fan 'e wjukken sitte wite plakken, dy't by it fleanen hiel opfallend binne. Seksuele dimorfy is subtyl oanwêzich by de Gilaspjocht: folwoeksen mantsjes hawwe in lyts read kapke op 'e kop, wylst dat by wyfkes en trouwens ek by healwoeksen mantsjes ûntbrekt.
Biotoop De Gilaspjocht libbet yn leechleine woastinen dy't begroeid binne mei drûch strewelleguod en kaktussen. Se litte har net bot ôfskrikke troch minsklike oanwêzigens en libje soms sels midden yn doarpen.
Hâlden en dragen Gilaspjochten hawwe ferskate fokalisaasjes. Se meitsje it meast in rôljend tsjurrrr-lûd, mar soms ek in suver keffend jip-jip-jip en in klaachlik kii-û, kii-û, kii-û. It trommeljen fan dizze spjochtesoarte duorret lang en giet stadich.
Nêsteljen dogge Gilaspjochten yn hoalen dy't se, by gebrek oan beammen yn harren woastinige ferspriedingsgebiet, oanlizze yn 'e sagûaro (Carnegiea gigantea), in grutte kaktussoarte. Mei't it binnenste fan 'e kaktus sêft en wiet is, moatte de hoalen in pear wiken drûgje ear't se brûkt wurde kinne. Faak wurde dêrom fuortendaliks nei it briedseizoen al nêsthoalen foar it folgjende jier oanlein. As de Gilaspjochten de hoale nei it grutbringen fan 'e piken ferlitte, wurdt dy werbrûkt troch in ferskaat oan oare fûgelsoarten, wêrûnder de lânseigen elfûle (Micrathene whitneyi) en de protter (Sturnus vulgaris), in út Jeropa wei ynfierde eksoat. Op plakken dêr't gjin sagûaro's groeie, meitsje Gilaspjochten ek wol nêsthoalen yn beammen, lykas ferskate soarten meskiten (Neltuma) en palmen (Arecaceae).
Gilaspjochten binne teminsten foar de doer fan in briedseizoen monogaam, mar oft de pearbân ek langer yntakt bliuwt, is noch ûnbekend. De wichtichste briedtiid duorret fan mids april oant mids maaie. Nei de pearing leit it wyfke 3–6 (mar ornaris 4–5) aaien, dy't ûnbespikkele wyt fan kleur binne. Gilaspjochten kinne 2–3 lechsels yn 't jier produsearje en dêrby har briedtiid oan mids septimber ta oprekke. Beide âlden nimme ôfwikseljend it brieden foar har rekken, dat likernôch 14 dagen duorret.
De piken binne nêstbliuwers, dy't keal en helpleas út it aai komme en de earste wiken folslein ôfhinklik binne fan fersoarging troch de âlden. It is net persiis bekend hoelang't de piken yn 'e nêsthoale bliuwe foar't se útfleane, mar de bêste skatting is sa'n 4 wiken. Gilaspjochten binne oan 'e ein fan it earste libbensjier geslachtsryp, hoewol't ûndúdlik is hoefolle oft yn har twadde jier daliks al ta brieden komme.
Fretten Gilaspjochten hawwe in omnivoar dieet, hoewol't dat foar it grutste part bestiet út ynsekten, lykas sikaden, imerkes, termiten en toarren, dy't yn houtige planten libje. De spjochten fange dy troch mei de skerpe snaffel yn 'e skoars om te boarjen en te poarkjen. Dêrnjonken frette se ek oar lyts dierte, lykas wjirms, hagedissen, aaien en piken fan oare fûgelsoarten, oanfolle mei plantaardich materiaal lykas sieden, nuten, beien en oare fruchten en nektar. Yn tunen fiere se soms akrobatyske toeren út om nektar te drinken út fûgelfieders dy't bedoeld binne foar kolibrys.
Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e lewisspjocht binne benammen ferskate soarten haukfûgels en ûlen.
Status De Gilaspjocht hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. It totale bestân wurdt rûsd op mear as 3 miljoen eksimplaren. Yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje stiet de Gilaspjocht te boek as in bedrige soarte, mei't de fûgel dêr sterk te lijen hân hat ûnder de útwreiding fan minsklike aktiviteiten yn 'e woastyn. Yn it oanbuorjende Arizona binne de populaasjes noch altyd sterk. In soarch foar de takomst is wol dat de effekten fan 'e oangeande klimaatferoaring it beskikbere oerflak oan gaadlik habitat foar de Gilaspjocht sterk ferminderje kinne.
Undersoarten Der binne 3 (stân fan saken yn 2024) erkende ûndersoarten fan 'e Gilaspjocht (Melanerpes uropygialis): M. u. brewsteri Ridgway, 1911 (súdpunt fan it Kalifornysk Skiereilân) M. u. cardonensis Grinnell, 1927 (noarden en midden fan it Kalifornyske Skiereilân) M. u. uropygialis Baird, 1854 (Arizona en it fêstelân fan Meksiko)
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Swarte beamkrûpspjocht Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko