Bergen op Soom is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân. De wichtichste stêd fan 'e gemeente is de stêd Bergen op Soom. De gemeente telt () ynwenners.
Skiednis De gemeente Bergen op Soom, sa't dy hjoed bestiet, is op 1 jannewaris 1997 ûntstien troch in fúzje fan 'e eardere gemeenten Bergen op Soom en Halsteren. De stêd Bergen op Soom hat in folle langere skiednis. It is bekend dat de stêd tusken 1198 en 1212 stedsrjochten krige fan 'e hear fan Breda, alhoewol't de krekte datum net bekend is.
Gemeenteyndieling Sûnt 1 jannewaris 1997 bestiet de gemeente út de folgjende plakken:
Bergen op Soom Halsteren Lepelstraat
Dêrnjonken hat de gemeente ek in oantal buorskippen: Heimolen, Kijkuit, Kladde, Klutsdorp, Nieuw Borgvliet, Nieuwe Molen, Oude Molen, Slikkenburg, Spinolaberg, Vetterik, Waterkant.
Kategory:Gemeente yn Noard-Brabân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1997