De boskiisfûgels (Actenoides) foarmje in fûgelskaai út de famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinidae). De wittenskiplike namme fan it skaai waard yn 1850 foar it earst troch Bonaparte publisearre.

Boskiisfûgels komme yn 'e tichte begroeiïng fan reinwâlden fan Súdeast-Aazje, de Filipinen en Yndoneezje foar en de measte soarten binne endemysk. Se libje meast solitêr of yn pearkes en binne net sa faak by wetter te finen as oare iisfûgels.

Fan alle soarten yn it skaai nimme de oantallen troch biotoopferlies ôf, mar measte soarten ha noch net de status fan bedrige.

Boskiisfûgels ite fisk, ynsekten, reptilen en lytse wringedieren.

Faak ha boskiisfûgels felle kleuren yn 'e kombinaasjes grien, blau, rustbrún en wyt.

Soarten Boskiisfûgels Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding Status (trend)120px Actenoides bougainvillei Salomonsboskiisfûgel Salomonseilannen net bedrige (↓)120pxActenoides concretus Maleiske boskiisfûgel Maleizje, Yndoneezje hast bedrige (↓)frameless|120pxActenoides hombroni Mindanaoboskiisfûgel Filipinen net bedrige (↓) 120px Actenoides lindsayi Luzonboskiisfûgel Filipinen net bedrige (↓)120pxActenoides monachus Blaukopboskiisfûgel Yndoneezje net bedrige (↓)frameless|120pxActenoides princeps Streekkopboskiisfûgel Yndoneezje net bedrige (↓)

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Iisfûgel