De poema (wittenskiplike namme: Puma concolor) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e poema's (Puma). Dit bist komt foar yn 'e Nije Wrâld, fan 'e Yukon yn Kanada oant de súdpunt fan Súd-Amearika. It is in grutte, solitêr libjende karnivoar, dy't op guon plakken dei-aktyf en op oare plakken nachtaktyf is. De poema jaget troch syn proai út in mûklaach wei te bespringen. Yn it meastepart fan syn ferspriedingsgebiet is er net it toprôfdier, mar wurdt er dominearre troch de jagûar (Panthera onca) of de grizzlybear (Ursus arctos horribilis). Fatale oanfallen fan poema's op minsken binne seldsum, mar komme foar. De IUCN klassifisearret de poema as net bedrige.
Nammen De meast brûkte namme foar de poema is "poema" (hoewol yn 'e measte talen stavere as puma). Sa wurdt dit bist neamd yn Latynsk-Amearika en it meastepart fan Jeropa. Yn Noard-Amearika wurdt soms ek wol fan puma sprutsen, mar folle gongberder is dêre de oantsjutting cougar (útspr.: [̍kuːɡǝɹ], likernôch: "kûû-gur"). Yn 'e westlike helte fan 'e Feriene Steaten en Kanada wurdt ek faak fan mountain lion ("berchliuw") sprutsen, yn 'e folksmûle faak ferkoarte ta lion ("liuw"). Noch wer in oare namme foar de poema dy't yn Noard-Amearika wol brûkt wurdt, is panther ("panter"), ek al is de poema strikt nommen gjin panter om't er net ta it skaai Panthera heart. Dizze namme wurdt tsjintwurdich benammen noch brûkt yn 'e kontekst fan 'e Floaridapanter, in isolearre rekke populaasje yn súdlik Floarida. Catamount (mei de betsjutting cat of the mountains, "kat fan 'e bergen") is benammen in literêre oantsjutting.
Taksonomy De poema waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1771 troch de foaroansteande Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus op basis fan in spesimen út Brazylje. De oarspronklike wittenskiplike namme wie Felis concolor, wêrby't it soartspesifike diel concolor Latynsk is foar "effen fan kleur". It skaai Felis, dat hjoed oan 'e dei foarbeholden is oan 'e wylde katten, waard doe as sammelbak foar alle kateftigen brûkt. It wie de Skotske biolooch sir William Jardine, dy't yn 1834 foar de poema it skaai fan 'e poema's (Puma) yntrodusearre. Dêryn binne behalven de poema ek ferskate fossile sibben opnommen. Foarhinne waard ek de jagûarûndy (Herpailurus yagouaroundi), de libbene kateftige dy't it naust oan 'e poema besibbe is, yn it skaai fan 'e poema's pleatst, mar dy waard yn 2017 op basis fan nije ynsichten oerhevele nei it monotypyske skaai fan 'e jagûarûndys (Herpailurus).
Evolúsje Nei de evolúsje fan 'e kateftigen is noch altyd gjin alomfetsjend, yngeand ûndersyk dien. En wat der al oer bekend is, komt foar it grutste part fan ûndersyk nei it mitogondriaal DNA fan 'e bisten. Neffens de bêste beskikbere gegevens migrearre de lêste mienskiplike foarâlder fan 'e skaaien fan 'e lytse loaihoarskatten (Leopardus), de lynksen (Lynx), de poema's (Puma), de jagûarûndys (Herpailurus), de loaihoarskatten (Prionailurus) en de wylde katten (Felis) sa'n 81/2–8 miljoen jier lyn fia de Beringlânbrêge nei Noard-Amearika. Dêr groeiden de neamde skaaien doe útinoar. Kateftigen út Noard-Amearika kolonisearren likernôch 4–2 miljoen jier lyn Súd-Amearika as ûnderdiel fan 'e Grutte Amerikaanske Utwikseling, dy't mooglik waard nei de formaasje fan 'e Lâningte fan Panama.
Fan 'e jachtloaihoarsen (Acinonyx) binne party saakkundigen fan betinken dat se har al yn Alde Wrâld fan 'e poema's ôfskaat hiene, wylst oaren úthâlde dat dy ûntjouwing pas plakfûn nei't de bisten Noard-Amearika berikt hiene, wêrnei't de jachtloaihoarsen fia de Beringlânbrêge Jeraazje en Afrika kolonisearre hawwe soene. Yn elts gefal is dúdlik dat de jachtloaihoarsen nau oan 'e poema's besibbe binne. De fossile Amerikaanske jachtloaihoarsen (Miracinonyx) binne, nettsjinstende de namme, noch nauwer oan 'e poema's besibbe as oan 'e jachtloaihoarsen fan 'e Alde Wrâld. Se wurde soms sels wol as in ûnderskaai fan it skaai fan 'e poema's beskôge.
Der bestiet yn 'e Noardamerikaanske populaasjes fan 'e poema in heech nivo fan genetyske gelikensens. Dat suggerearret dat alle poema's yn Noard-Amearika frij resinte ôfstammelingen binne fan in relatyf lytse groep foarâlden. Yn in ûndersyk út 2000 loeken M. Culver et al. op basis dêrfan de konklúzje dat de oarspronklike poemapopulaasjes fan Noard-Amearika útstoarn wêze moatte as ûnderdiel fan 'e Pleistosene massa-ekstinksje, dy't om 10.000 jier lyn in grut diel fan 'e megafauna fan Noard-Amearika en Jeraazje útrûge. De hjoeddeistige poema's yn Noard-Amearika soene neikommelingen wêze fan poema's út Súd-Amearika dy't neitiid it noarden wer kolonisearre hawwe.
Fersprieding De poema hat it grutste ferspriedingsgebiet fan alle wylde lândieren yn 'e Nije Wrâld. It rint fan 'e noardlike Rocky Mountains yn 'e Kanadeeske Yukon alhiel oant de súdpunt fan 'e Andes yn it suden fan Sily. De noardgrins fan it areaal rint troch Súdeast-Alaska en de Kanadeeske provinsjes Britsk-Kolumbia, Alberta, Saskatchewan, Manitoba, Ontario en Kebek. Yn it meastepart fan Alaska en it noarden fan Kanada is de poema nea foarkommen, en datselde jildt foar eilannen as de Aleksanderarsjipel yn Alaska, de Keninginne Sjarlotte-eilannen foar de westkust fan Kanada, Prins Edwardeilân en Cape Bretoneilân foar de eastkust fan Kanada, en de Grutte en Lytse Antillen yn it Karibysk Gebiet. Op Vancouvereilân, yn it súdwesten fan Britsk-Kolumbia, komt de poema wól foar.
Fierders heart eins it hiele fêstelân fan 'e Amearika's ta it ferspriedingsgebiet fan 'e poema. Op guon plakken is dit bist yn 'e njoggentjinde of de tweintichste iuw útrûge, lykas yn 'e eastlike helte fan Noard-Amearika (mei útsûndering fan 'e Everglades yn it suden fan it Floarida-skiereilân), de Delling fan Meksiko, in diel fan 'e Golfkust fan Meksiko, de Atakamawoastyn fan Perû en noardlik Sily, de Heechflakte fan Bolivia, de Rio de la Plata-regio fan Argentynje en hast hiel it oanbuorjende Oerûguay, en it eilân Fjoerlân foar de súdpunt fan Súd-Amearika.
Uterlike skaaimerken Hoewol't de poema yn taksonomysk opsjoch ta de lytse katten (Felinae) heart, is er eins fan ferlykbere grutte mei de grutte katten (Pantherinae). Mantsjes hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 145–191 sm en wyfkes mjitte 110–142 sm. De sturt hat ornaris in lingte fan 63–95 sm. It gewicht bedraacht by mantsjes likernôch 53–72 kg en by wyfkes sa'n 34–48 kg. De skofthichte is 60–90 sm. De grutte fan poema's hâldt ferbân mei it diel fan har ferspriedingsgebiet dêr't se wei komme, mei't se deun by de evener it lytst binne en op nei de beide poalstreken hieltyd grutter wurde. De grutste dokumintearre poema wie in eksimplaar dat yn 1901 sketten waard en 105,2 kg weage. Bewearings fan eksimplaren dy't 118 kg, resp. 125,2 kg woegen, wurde gauris werhelle, mar wurde troch biologen as net serieus te nimmen oerdriuwings beskôge.
It meast opfallende skaaimerk fan 'e poema is de kop, dy't yn ferhâlding ta it lichem lyts is en foar in kateftige ek tige rûn. De earen steane rjochtop. Oan 'e foarpoaten sitte fiif teannen en oan 'e efterpoaten fjouwer, allegearre mei ynlûkbere klauwen. De foarpoaten binne grutter as de efterpoaten om't de poema dêr syn proaien mei fêstgrypt. It lichem is fierders frij rank en de sturt is tige grou. De pels hat in effen brune kleur (mei hjir en dêr rodzige en grize plakken) op 'e kop, nekke, rêch, siden, bûtenkant fan 'e poaten en boppekant fan 'e sturt. De earen, de noas en de sturtpunt binne ornaris in dûnkerder kleur brún. De bealch, it boarst, de kiel, it kin, de wangen, de snút, de binnenkant fan 'e poaten en de ûnderkant fan 'e sturt binne krêmkleurich oant witich.
Biotoop Poema's komme foar yn in grut ferskaat oan biotopen. Se libje yn alle soarten wâlden: fan nullewâld oant leafwâld en fan tuskenbeiden reinwâld oant tropysk reinwâld. Ek komme se foar yn berchwâlden, rivierwâlden en sekundêr wâld en yn mear iepen, savanne-eftige gebieten mei fersprate klútsjes beammen. Fierders libje poema's ek yn woastinen en healwoastinen en op frijwol keale flakten en heuvels. Yn berchtmen binne se te finen oant in hichte fan 5.800 m boppe seenivo.
Hâlden en dragen De poema libbet in fierhinne solitêr bestean. Inkeld memmen mei har jongen libje yn groepkes, en folwoeksen eksimplaren treffe inoar mar komselden. Nettsjinsteande dat hat ûndersyk út 2017 útwiisd dat poema's harsels dochs organisearje yn lytse mienskippen, dy't gearstald wurde neffens de grinzen fan it territoarium fan it dominante mantsje yn in beskaat gebiet. Poema's binnen dy grinzen geane mear mei-inoar om as mei soartgenoaten fan bûten. Op basis fan wjerssidigens diele se soms ek har proaien mei-inoar.
De aktiviteitssyklus fan 'e poema liket bepaald te wurden troch eksterne faktoaren, benammen de aktiviteitssyklus fan proaidieren. It is dus gjin echt nachtdier, mar ek gjin echt deidier. As de proai dêr't yn in beskaat gebiet de foarkar oan jûn wurdt nachts aktiver is (lykas it gefal is yn noardlik Meksiko), sil ek de poema dêre nachts aktyf wêze en oerdeis rêste. Mar as de proai deis aktiver is (lykas yn sintraal Meksiko), sil de poema ek oerdeis aktyf wêze en nachts rêste. Op guon plakken binne poema's krepuskulêr, dat wol sizze: aktyf yn 'e jûnsskimer en by de moarnsdage. Wannear't natuerlike konkurrinten aktyf binne, hat lykwols gjin ynfloed op 'e aktiviteitssyklus fan 'e poema. Yn Belize, bygelyks, binne de poema en de jagûar (Panthera onca) allebeide nachts aktyf, mar mije se inoar.
De grutte fan 'e territoaria fan poema's hinget ôf fan 'e beskikberens fan proaidieren yn in beskaat gebiet, de gesteldheid fan it terrein, en hoefolle fegetaasje der oanwêzich is (om beskûl te jaan by de jacht). Undersyk wiist foar mantsjes op in ûndergrins fan 25 km² en in boppegrins fan 1.300 km². De territoaria fan wyfkes binne rûchwei heal sa grut as dy fan mantsjes. De territoaria fan mantsjes oerlaapje mei de territoaria fan wyfkes, mar net mei dy fan oare mantsjes. De territoaria fan wyfkes oerlaapje inoar in bytsje. Territoaria wurde ôfset troch it oanbringen rookflaggen mei urine en soms dong, en troch mantsjes ek troch it efterlitten fan klau-markearrings mei de efterpoaten yn 'e blêdlaach en darch.
Poema's kommunisearje ûnderling mei ferskate fokalisaasjes. Agresje wurdt utering oan jûn mei grânzgjen en blazen. Yn 'e peartiid bringe maartske wyfkes gûlende en jankende lûden fuort om mantsjes oan te lûken, en beäntwurdzje mantsjes dat mei soartgelikense uterings. Wyfkes en harren jongen hâlde kontakt mei fluitsjende, tsjirpjende en miaukjende lûden.
De peartiid falt foar poema's yn 'e maityd. Wyfkespoema's binne dan likernôch 8 dagen lang maartsk op in syklus fan sa'n 23 dagen. De pearing duorret mar hiel koart, mar wurdt in stikmannich kearen werhelle. Poema's binne net monogaam, en it kin sadwaande skoan wêze dat de leden fan in smeet jongen ferskillende heitten hawwe. Nei ferskate pearings hat it mantsje fierders neat mear mei de fuortplanting te krijen. Groanyske stress kin in leech reproduksjenivo ta gefolch hawwe, sawol yn finzenskip as yn it wyld.