De flaggesturtiisfûgel of gewoane flaggesturtiisfûgel (Tanysiptera galatea) is ien fan 'e njoggen fûgelsoarten fan it skaai flaggesturtiisfûgels (Tanysiptera) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing thumb|left|180px|Gewoane flaggesturtiisfûgel. De flaggesturtiisfûgel wurdt ynklusyf sturt 33 oant 43 sm lang. De fûgel hat in ljochtblauwe kroan, in donkerblauwe eachstreek, in reade snaffel en in wyt kin. De boppedielen binne donkerblau mei ljochtblau op 'e skouders. De fûgel hat in lange wite sturt en twa lange ljochtblauwe sturtpinnen, dy't einigje yn wite spatels. De rêch en stút binne ek wyt, lykas ek it boarst en de búk. De poaten binne read.
De soarte liket in soad op 'e Arûflaggesturtiisfûgel, mar dy is lytser, hat in donkerder kroan, in blauwe yn stee fan wite sturt en in minder foarse snaffel.
Fersprieding Gewoane flaggessturtiisfûgels komme op Nij-Guineä en in grut oantal eilannen westlik dêrfan oant de line fan Weber foar. It is in fûgel fan 'e reinwâlden, dy't it nêst bouwe yn termitenêsten yn beammen.
De soarte telt 15 ûndersoarten, dy't fan inoar ferskille yn it fearrekleed en de foarm fan 'e sturt.
T. g. emiliae: Noardlike Molukken Rau. T. g. doris: Noardlike Molukken Morotai. T. g. browningi: Noardlike Molukken Halmahera. T. g. brunhildae: Noardlike Molukken Doi. T. g. margarethae: Noardlike Molukken Batjan. T. g. sabrina: Noardlike Molukken Kayoa. T. g. obiensis: Sintrale Molukken (Oby en Bisa). T. g. acis: Súdlike Molukken Boerû. T. g. boanensis: Súdlike Molukken Boano. T. g. nais: Súdlike Molukken (Ambon, Manipa, Seram, Manawoka, Gorong). T. g. galatea: noardwestlik Nij-Guineä en westlik Papoea Nij-Guineä. T. g. meyeri: noardlik Nij-Guineä. T. g. minor: Súd-Nij-Guineä. T. g. vulcani: Manam (by noardeastlik Nij-Guineä). T. g. rosseliana: Rossell (Louisiadenarsjipel).
Status De flaggesturtiisfûgel has in tige grut ferspriedingsgebiet en de fûgel is yn syn biotoop algemien. Dêrfandinne is de kâns op útstjerren lyts. Alhoewol't de grutte fan 'e populaasje net kwantifisearre is, wurdt troch de houtkap en it feroarjende lângebrûk oannommen dat de oantallen tebek rinne. Dat giet lykwols noch net hiel hurd en dêrfandinne stiet de soarte as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Kategory:Flaggesturtiisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä