De flaggesturtiisfûgels (Tanysiptera) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje iisfûgels (Alcedinidae). Ta it skaai wurde njoggen soaarten rekkene, dy't yn Austraalje, op Nij-Guineä, de Molukken en in pear eilannen fan Wallacea foarkomme. De measte soarten binne op Nij-Guineä te finen, yn Austraalje is mar ien soarte oanwêzich.
Ferskillende soarten binne endemysk op eilannen. Oer it algemien is de trend dat hast alle soarten yn oantallen tebek rinne troch it ferlies oan habitat. Der binne trije soarten mei de IUCN-status fan hast bedrige. De soarte mei de measte ûndersoarten en it grutste ferspriedingsgebiet is de flaggesturtiisfûgel.
Soarten Flaggesturtiisfûgels Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding Status (trend)120px Tanysiptera hydrocharis Arûflaggesturtiisfûgel Nij-Guineä, Arû-eilannen ûnbekend120px Tanysiptera sylvia Australyske flaggesturtiisfûgel Nij-Guineä, Austraalje net bedrige (↓)frameless|120px Tanysiptera riedelii Biakflaggesturtiisfûgel Biak (Yndoneezje) hast bedrige (↓) 120px Tanysiptera danae brúnrêchflaggesturtiisfûgel Papoea Nij-Guineä net bedrige (↓)120px Tanysiptera galatea flaggesturtiisfûgel Papoea Nij-Guineä, Yndoneezje net bedrige (↓)frameless|120px Tanysiptera ellioti Kofiauflaggesturtiisfûgel Kofiau (Yndoneezje) hast bedrige (↓) 120px Tanysiptera carolinae Numforflaggesturtiisfûgel Numfor (Yndoneezje) hast bedrige (↓)120px Tanysiptera nympha rôze flaggesturtiisfûgel Nij-Guineä net bedrige (↓)frameless|120px Tanysiptera nigriceps swartkopflaggesturtiisfûgel Bismarckarsjipel (Papoea Nij-Guineä) net bedrige (↓)
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Iisfûgel