Rypke Westra (Stiens, 1932 - 2021) wie in Fryske sjonger dy't benammen yn de jierren sechtich aktyf wie. Hy trede ek op foar de radio yn Hilversum. De dei neidat de Avro him in fêst kontrakt oanbea, waard er dôf, in oandwaning dy't oant de operaasje fan fjouwer jier letter duorje soe. Hy gie dêrnei yn de manufaktuerehannel op De Lemmer.
Westra brocht inkelde Frysktalige poplieten út. Ien fan syn bekendste ferskes is Tink oan my de troch Anne van der Mark fertaalde Fryske ferzje fan it jazznûmer All of me. Westra wurke ek by de selskippen fan Tetman de Vries en fan syn omke Klaes Westra.
Diskografy Singles " De jongerein / O, Sytske" (1959) "Tink oan my / In ritsje lea mei dy" (1962) "Yn'e trein / Troch dy" (1962) EP "Rypke Westra sjongt Frysk: Tink oan my / In ritsje lea mei dy / Yn'e trein / Troch dy" (1962) LP mei oaren "Ald en nij fan Fryske grûn" (19??)
Keppeling om utens Rypke Westra Tink oan my, youtube.com
Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Frysk sjonger Kategory:Sjonger yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Stiens Kategory:Persoan berne yn 1932 Kategory:Persoan stoarn yn 2021