thumb|Spotprint fan Theo van Hoytema op de kieswet fan Johannes Tak van Poortvliet. Rjochts Tak van Poortvliet mei in bonke mei it wurd 'kieswet' yn 'e bek. Hy wurdt bedrige troch de hûnen Willem Hendrik de Beaufort, Leopold Haffmans, Willem Mutsaers, Hendrik Johannes Bool, Willem van der Kaay, Jacobus Antonius Nicolaas Travaglino en Joan Röell De term takkianen ferwiist nei in politike striid yn Nederlân om 1894 hinne. Dy striid hannele om de útwreiding fan it kiesrjocht, dat troch de progressyf-liberalen fan de Liberale Uny foarsteld waard.
Minister Johannes Tak van Poortvliet kaam yn 1892 mei it útstel dat elke folwoeksen man dy't lêze en skriuwe koe kiesberjochtige meitsje soe. De konservatyf-liberalen, de katoliken en in part fan'e antyrevolúsjonêren wiene tsjin. Sy amendearren it wetsfoarstel, doe't Tak van Poortvliet it ynluts waard de Keamer ûntbûn.
Yn 1894 wie de útwreiding fan it kiesrjocht sadwaand haadonderwerp fan de ferkiezingsstriid. De anty-takkianen wûnen it pleit, dêr't in nij wetsfoarstel op folge fan de nije minister Samuel van Houten, wêryn't oanfoljende easken as oplieding, fermogen en ynkommen oan de kiesrjochthawwers steld waarden. Likegoed wie dizze Kieswet-Van Houten in stap foarút op wei nei it algemien kiesrjocht. It tal kiezers gie dêrtroch omheech fan 300.000 nei 570.000.
It oannimmen fan dy wet late ta ûnderskate splitsen binnen politike partijen: de Frije Liberalen ferwideren harren fan de Liberale Uny en ek by de antyrevolúsjonêren wie in splitsing, dêr't letter de Kristlik-Histoaryske Uny út fuortkomme soe.
Keppeling om utens Politike eftergrûn Kategory:Polityk yn Nederlân