De Maleiske boskiisfûgel (Actenoides concretus) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Beskriuwing De soarte hat felle kleuren en is dreech waar te nimmen yn it bosk. Mantsjes binne helderblau fan boppe en oranje fan ûnder en ha in griene kroan. By it wyfke is it blau fan it mantsje grien mei krêmkleurige pjukkels. Oer it gesicht sitte brede swarte, blauwe en oranje streken. It lûd fan 'e fûgel is in moai, mar oanhâldend fluitsinjaal.

Fersprieding De soarte komt yn Maleizje, Sumatra en Borneo foar en wurdt yn trije ûndersoarten ferdield.

Actenoides concretus concretus : súdlik Birma, it skiereilân Malakka, Sumatra, Banka, Belitung. Actenoides concretus peristephes: Birma, Tailân Actenoides concretus borneanus : Borneo.

It biotoop bestiet út bosken mei in sletten blêdedak oant in hichte fan 1200 m. Status De soarte wurdt as gefoelich kategorisearre. Bosken ferdwine yn it ferspriedingsgebiet yn heech tempo. Dat betsjut dat de populaasje, dy't neffens rûzing út minder as 10.000 folwoeksen bestiet, jimmeroan lytser wurdt. De fûgel liket yn steat om him oan te passen oan degradearre bosk en wykt ek út nei bosk yn hegerlizzende gebieten, dêr't de bosken net bedrige wurde. Dêrfandinne wurdt de fûgel noch net as bedrige klassifisearre, mar as gefoelich (2022).

Kategory:Boskiisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân