Leon Štukelj (Novo mesto, 12 novimber 1898 - Maribor, 8 novimber 1999) wie in Sloveensk turner dy't útkaam foar it doetiidske Joegoslaavje.

Biografy Hy die trije kear mei oan it Wrâldkampioenskip en trije kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924, 1928 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen trije kear wrâldkampioen en ien kear Olympysk kampioen. Štukelj koe net meidwaan oan de Spullen fan 1932 om't Joegoslavië gjin atleten nei Los Angeles stjoerde fanwegen de hege kosten.

Štukelj studearre yn 1927 ôf yn de rjochten en wurke foar de Twadde Wrâldkriich as rjochter. Yn de kriich wie er lid fan de Joegoslavyske royalistyske beweging en fersette er him tsjin de partisanen fan Tito. Om dy reden waard Štukelj nei de kriich finzen set en nei syn frijlitting mocht er permanint gjin rjochter mear wêze en moast er oant syn pensjoen as juridysk meiwurker wurkje.

Leon Štukelj ferstoar op 8 novimber 1999, yn 'e âldens fan 100 jier.

Resultaten Olympyske Simmerspullen Jier Plak Resultaten1924Parys Mearkamp yndividueel,4e mearkamp lannen,4e sprong,20ste brêge, rekstôk,4e ringen,10e foltiizjehynder,10e touklimmen,17e sprong sydwerts1928Amsterdam Mearkamp yndividueel, Mearkamp lannen,28ste sprong,7e brêge,21ste rekstôk, ringen,12e Foltiizjehynder1936Berlyn32ste Mearkamp yndividueel,6e Mearkamp lannen,92ste sprong,22ste brêge,32ste rekstôk, ringen,46ste flier,39ste Foltiizjehynder

wrâldkampioenskippen turnen Jier Plak Resultaten1922Ljubljana Mearkamp lannen, brêge, rekstôk, ringen, Foltiizjehynder1926Lyon Mearkamp lannen, brêge, rekstôk, ringen1930Lúksemboarch Mearkamp lannen, rekstôk

Kategory:Sloveensk turner Kategory:Sloveensk Olympysk kampioen Kategory:Sloveensk rjochter Kategory:Sloveensk konservatyf Kategory:Persoan berne yn 1898 Kategory:Persoan stoarn yn 1999