Vendredi ou les Limbes du Pacifique (Frânsk, betsjutting likernôch: "Freed of de Limbo fan 'e Stille Oseaan") is in roman fan de Frânske skriuwer Michel Tournier, útjûn yn 1967 troch Gallimard, en datselde jier bekroand mei de Grand Prix du Académie Française. Dit is de earste publisearre roman fan de skriuwer; der is lykwols gjin útjefte yn it Frysk fan de roman.
Yn 1971 skreau Tournier it boek op 'e nij foar jongere lêzers ûnder de titel: Vendredi ou la Vie sauvage ('Freed of it wylde libben').
Ynhâld It boek is in variant op it ferhaal fan Robinson Crusoe, troch Daniel Defoe. Dizze ferzje rjochtet him op de relaasje tusken de skipbrekling Robinson en de wyldeman Freed. By Defoe leit it eilân lykwols yn de Kariben, wylst Tournier skriuwt oer de Stille Oseaan.
Wurdearring Vendredi ou les Limbes du Pacifique waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.
Kategory:Literêr wurk Michel Tournier Kategory:Frânsktalige roman Kategory:Roman út 1967 Kategory:Filosofyske roman Kategory:Literatuer oer in skipbrekling