Goede tijden, slechte tijden, ek bekend as GTST, is in Nederlânske soapsearje dy't sûnt 1 oktober 1990 útstjoerd wurdt troch de kommersjele telefyzjestjoerder RTL 4. De searje draait om de ynwenners fan it fiktive plak Meerdijk.

It skript fan de earste twa seizoenen is basearre op de Australyske soaprige The Restless Years (1977-1981). Fan it tredde seizoen ôf is dizze formule loslitten en sûnt dy tiid binne de ferhaallinen fan GTST folslein útwurke troch Nederlânske auteurs.

Kategory:Nederlânske soapsearje Kategory:Nederlânsktalige telefyzjesearje Kategory:Telefyzjesearje út 1990 Kategory:RTL Nederlân